Krúsbrekken
Ut Wikipedy
De Krúsbrekken, of Tersoalster Brekken, is in krúsfoarmich marke yn de gemeente Boarnsterhim.
De Krúsbrekken wurde foarme troch de krúsing fan de Tersoalster Sylroede en de Bangafeart mei de ferbining tusken de Flânsumer Feart en de eardere Tersoalster Opfeart en Mûntsjefeart. It krúspunt leit likernôch op 53°3'40''N - 5°45'40''E.
De namme tsjut oan dat it wetter mooglik ûnstean is by in trochbrek fan in dyk, wat dan de Griene Dyk west hawwe moat. It wiidste part fan de Krúsbrekken is lykwols de eastlike earm, dy't likernôch mei de dyk parallel rint. Troch de oerhearkjende westewyn kalvet de wâl oan de eastkant fan dy earm stadich ôf sadat de Krúsbrekken oan dy kant geandewei grutter wurdt.
Earder kaam ek de Sâlte Grêft út yn de Krúsbrekken. Hjoed de dei binne alle útgongen ôfslette of ferdwûn, útsein de noard-súdferbining troch de Bangafeart en de Tersoalster Sylroede. Dy ferbining is ek part fan de rûte fan De Krite troch. It part fan de Krúsbrekken tusken de Sâlte Grêft en de Flânsumer Feart is part fan de grins fan de himrik fan Jirnsum.