Jorwert
Ut Wikipedy
Jorwert (Hollânsk: Jorwerd) is in doarpke yn de Fryske gemeente Littenseradiel. It hie op 1 jannewaris 2004 311 ynwenners. It omfettet ek de buorskippen Fûns en Hesens. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Jorwert diel út fan de gemeente Baarderadiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Iepenloftspul
Jorwert hat in tsjerke mei in Romaansk middenskip dy't neamd is nei sint Redbad, dy't biskop fan Utert wie yn de 11e ieu. By in restauraasje yn 1951 is de tsjerke swier skansearre: de toer stoarte folslein yn. Doe't de tsjerke der sa by lei organisearren de ynwenners fan it de doarp in ynsammelsaksje, dêr't letter it Iepenloftspul Jorwert út ûntstien is. Dat wurdt noch elts jier yn augustus en septimber hâlden.
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn de 9e ieu waard ien fan de gruttere terpen yn Westergoa Everwirdt neamd. Dit waard letter ta Jorwert. Tichtby it doarp is it ‘Amulet fan Jorwert’ fûn. It is grif yn dy tiid efterlitten troch in pylgrim. It wurdt beware yn it Frysk Museum. Yn de lette midsieuwen waard foar it hiele goa by tsjerklike en boargerlike sittings rjocht sprutsen yn Jorwert. Hjir siet om 1400 hinne it haaddekanaat.
Oant 1984 wie it doarp Jorwert part fan de gemeente Baarderadiel. Sûnt 1991 hat it syn Fryske namme mei in -t op it ein as offisjele namme. It doarp waard om it jier 2000 hinne nasjonaal bekend troch in boek fan de skriuwer Geert Mak, "Hoe God verdween uit Jorwerd" ("Hoe't God út Jorwert ferdwûn"). Mar ek J.J. Slauerhoff bestege tiid yn Jorwert by de domineesfamylje Hille Ris Lammers. Hy hie sterke gefoelens foar ien fan de dochters en dit komt ek yn syn wurk nei foaren. Ek de spylfilm Iris mei Monique van de Ven en Johhnny Kraaykamp sr. spilet him foar in diel ôf yn Jorwert.
Jorwert hat in tsjerke, mei in romaansk middenskip, dy't foar in part út dowestien oplutsen is. It skip is ier 12e ieusk. By restauraasjewurk moarns 25 augustus 1951 om 7 minuten oer fiif stoartte de toer fan de Redbadtsjerke yninoar. Tanksij in aksje, wêroan no noch de tradysjonele iepenloftspullen yn de notaristún te tankjen binne, koe de toer wer hiel gau werboud wurde. Dizze tige populêre spullen wurde opfierd yn de moannen augustus en septimber.
[bewurkje seksje] Mienskip
Doarpsnut komt op foar de belangen fan de doarpsbewenners. Der binne kommisjes foar de Boarterstún, it doarpshûs, de doarpskrante (De Hiele Toer) en de Jongereinkommisje.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Hâld Moed - keatsen
- OKK - damjen
- De Harmonie - toaniel
- De Teannetrapers - dûnsjen
- Reitsje him - tippen
[bewurkje seksje] Literatuer
- Geert Mak - Hoe God verdween uit Jorwerd (1996)
- Ds. Van Gelder - Nachtboek van een kerkuil
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Strjitten
Arsumerdyk, Battenserreed, De Him, De Krunen, Ewerwert, Fûns, Havenspaad, Hegedyk, Hesenserreed, It Noard, Jaanbuorren, Lucht en Veld, Lucht en Veldsterdyk, Maliebaan, Master Fopmawei, Pastorijfinne, Redbadwei, Sije Hogerhuisstrjitte, Sluytermanwei.