Peazens (doarp)
Ut Wikipedy
Peazens is in doarp yn Dongeradiel en hat yn 2005 sa'n 280 ynwenners. Peazens hat syn namme krige fan de âlde seeslinke Pasen. De pleats Jagtlust yn Hantumerútbuorren stie oan de Peazens. Paesens betsjut 'pagingi', ek wel modder, ierde of slyk. Der wie by Peazens in syl yn de Peazens. Troch in oanslibjen is dy syl yn 1665 ôfdamme. De Peazens wettere sûnt dy tiid ôf op de Dokkumer Ie. Foar de gemeentlike weryndieling wie de Peazens ek de grins tusken de gritenijen, letter gemeenten, East-Dongeradiel en West-Dongeradiel.
Peazens foarmet in twillingdoarp mei Moddergat, dat yn West-Dongeradiel lei.
Peazens is in streekdoarp, dat 1 1/2 kilometer lang is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De fiskerij
Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp. De fiskerij smiet net folle op. De "Tegenwoordige Staat van Friesland" sprekt dan ek fan in earm fiskersdoarp.
De skippen leinen yn 'e winter, om't der yn Peazens net oan te lizzen wie, yn Iesumasyl. De fisk dy't net oan de opkeapers ferkocht waard, sutelen de froulju oer de Peazens, en letter ek wol mei karren, oant yn Dokkum ta út. It measte waard útsutele mei it jok. De froulju gienen dan mei twa kuorren by de huzen lâns. Ek wienen guon fiskers binnenfiskers.
Yn 1812 wienen der 18 fiskerskippen fan 30 ton mei 5 bemanningsleden. Om 1850 waarden de skippen grutter.
Yn de maitiid waard der op skol fiske en yn 'e hjerst op skylfisk. Ek waard der op granaten fiske. Der wienen ek fiskers dy't har op de skulpefiskerij taleinen.
Yn 1881 fergie it grutste part fan de Peazemer float. Dit wie de ein fan de seefiskerij. Letter binne der noch guon wer mei it fisken op granaten begûn. Yn 1909 wienen der noch 2 skippen oer.
Dochs is Peazens lang noch, wat de sfear oangiet, in fiskersdoarp bleaun.
[bewurkje seksje] De tsjerke
De tsjerke wie tawijd oan Antonius.. De let-romaanske tsjerke moat boud wêze yn it begjin fan de 13de ieu. De sealdaktoer waard yn 1792 sloopt. De kaam in houten spitske foar yn 't plak.
Yn de tsjerke stiet in oargel 1758 fan de oargelbouwer J.T. Gilman. Dit oargel is yn 1908 oerbrocht út in oare tsjerke.
Peazens hat oan de súdkant fan it doarp de mûne 'De Hond'. It is koarnmûne út 1861.
[bewurkje seksje] Strjitten
Achterwei, Bakkerssteechje, De Buorren, De Donger, De Wiel, Dykspaad, Dyksterwei, Eastein, Kokentún, Langgrousterwei, Lytse Wei, Mûnewei, Orneawei, Smidspaad.