Poppo
Ut Wikipedy
Fryske kening | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
Poppo | ||||||
|
||||||
Poppo (? - 734), ek wol Bubo of Bobba neamd, wie in Fryske kening út de 8e ieu. Hy is nei Aldgillis en Redbad de tredde Fryske hearsker op rige dêr't skriftlike boarnen oer binne en wurdt almeast beskôge as de lêste kening fan it Fryske Ryk.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Komôf
De skriftlike boarnen út de Iere Midsieuwen sizze net folle oer de opfolger fan Redbad. Bekend is lykwols dat Poppo nei Redbad syn dea it Fryske leger oanfierde yn de striid tsjin de Franken. Dêrom wurdt der fanút gien dat er wierskynlik de opfolger fan Redbad wie, en faaks ek syn soan wie.
[bewurkje seksje] Súdlik Fryslân
Under Redbad hie it Fryske Ryk syn grutste gebietsútwreiding hân. Foar de súdlike gebieten wie dêrby slach levere mei de Franken. Nei de dea fan Redbad yn 719 foel de Frankyske hofmeier Karel Martel it Fryske ryk oan en fersloech de Friezen. Guon geane der fan út dat Poppo nei de nederlaach in ferdrach mei Karel Martel sletten hat. Yn alle gefallen wie it gebiet westlik fan it Fly, nei 720 yn Frankyske hannen.
[bewurkje seksje] Sintraal Fryslân
In skoft hie Poppo frede mei de Franken, mar hjiroan kaam in ein doe Karel Martel yn 733 op 'e nij tsjin him opluts. De Franken stutsen mei in float oer nei it hjoeddeiske Fryslân en sloegen de Friezen tebek nei Eastergoa. It jier derop waard it Fryske leger ferslein yn 'e Slach oan de Boarn. Poppo sels kaam dêrby te ferstjerren.
[bewurkje seksje] Literatuer
- H. Halbertsma, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utert, 2000, side 253.