Sânfurd
Ut Wikipedy
Sânfurd is in doarp yn de gemeente Wymbritseradiel, bewesten Aldegea. It doarp hat likernôch 19 ynwenners ( 2006 ) en is krektas Idzegea rjochte op it tichtby lizzende Aldegea. Oare plakken yn de omkriten binne Snits en De Gaastmar. Om Sânfurd hinne leit in mar, de Aldegeaster Brekken. Noard fan De Brekken leit it buorskip Sânfurder ryp. Sânfurd leit op de noardlike ouwer fan De Hop.
De Stifting Sânfurd docht sûnt 1978 alle war om it tsjerkje fan it doarp te behâlden. Yn 1998 waard it ynterieur fan it tsjerkje hielendal fernijd.
Der is in mienskiplike Ferieniging fan Doarpsbelang foar Aldegea-Idzegea-Sânfurd.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It doarp moat al sûnt 1100 bewenne wêze. It wurdt neamd as Sandferde, Sandfoert of Zandvoerden. Sân wiist op in sânkop dêr't it doarp op stiet en furd ferwiist nei furde, in ûndjip waad yn it wetter. It foel ûnder it Sint Odnefuskleaster, yn de omkriten fan Starum.
Yn 1132 stie der al in houten tsjerkje dat yn de 14e ieu fan stien makke waaard en der oant 1732 stien hat.
Yn de 17e ieu stie der ek in skoalle, mar yn 1818 gienen de bern nei de skoalle yn Aldegea.
Yn de 19e ieu hiene de tsjerke en G.J.N. Burmania-Rengers hjir in soad lân.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Nûmer.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Fryske doarpen.
- Johannis Wallinga "Tussen Brek en Schuttel", 1980.