Sleeswyk-Holstein
Ut Wikipedy
Sleeswyk-Holstein (Noardfrysk: Slaswik-Holstiinj, Dútsk: Schleswig-Holstein) is in dielsteat (Bundesland) fan Dútslân, mei 2.820.000 ynwenners (2003), en mei in oerflak fan 15.761 km².
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Talen
It Dútsk slacht foar master op yn Sleeswyk-Holstein. De twadde (minderheids) taal is it Deensk, mei sa'n 50.000 sprekkers. Yn it Kreis Noard-Fryslân (Fraschlönj) praat 10% fan de befolking Noardfrysk. Yn Flensburch is de lokale krante trijetalich Deensk, Dútsk en Noardfrysk.
[bewurkje seksje] Yndieling
De haadstêd is Kiel. De steat is, dy haadstêdregio meiteld, opdield yn 11 distrikten en 8 stêden:
[bewurkje seksje] Distrikten:
|
|
[bewurkje seksje] Stêden
FL Flensboarch
KI Kiel
HL Lübeck
NMS Neumünster
[bewurkje seksje] Polityk
Yn Sleeswyk-Holstein krije de FDP en de Grienen oer it generaal minder stimmen by de ferkiezings as yn oare West-Dútske dielsteaten. De SPD is benammen yn 'e stêden grut, en de CDU is populêr yn Noard-Fryslân en Ditmarschen, en yn 'e plattelâns mienskippen fan Steinburch, Rendsburch-Eckernförde en krite Segeberch.
De Südschleswigsche Wählerverband is wat bysûnders, dy partij fertsjinwurdiget de politike belangen fan de Deenske en Fryske minderheid. De Südschleswigsche Wählerverband hoecht net te foldwaande oan de fiif prosint kiesdrompel om yn 'e lândei fan Sleeswyk-Holstein te kommen.
Ferkiezings lândei Sleeswyk-Holstein | |||||
---|---|---|---|---|---|
Partij | % 2000 | % 2005 | Z. 2000 | Z. 2005 | |
CDU | 35,2 | 40,2 | 33 | 30 | |
SPD | 43,1 | 38,7 | 41 | 29 | |
FDP | 7,6 | 6,6 | 7 | 4 | |
Grienen | 6,2 | 6,2 | 5 | 4 | |
SSW | 4,1 | 3,6 | 3 | 2 | |
Meiïnoar | 89 | 69 |