Yndustriële Revolúsje
Ut Wikipedy
De Yndustriële Revolúsje begûn oan de ein fan de 18e ieu yn Ingelân. Foar dy tiid waarden produkten inkeld mei de hân produsearre, wilens de Yndustriële Revolúsje feroare dat en der waard brûkme makke fan masines om ferskate saken te produsearjen.
[bewurkje seksje] Untjouwings
Ien fan de belangrykste útfinings dy´t tige fan belang wie foar it begjin fan de Yndustrië Revolúsje, wie de stoommasine. Nei de útfining fan de stoommasine, wie it mei de ferbetterings fan James Watt fan 1777 ôf mooglik om meganyske enerzjy beskikber te stellen, sadat der gjin ferlet fan hynders of oksen mear wie, en der gâns mear produsearre wurde koe. Foar de tekstylyndustry die de spinning Jenny fertuten, lytse bedriuwkes woeksen ta mânske fabriken. Mei dy mânske fabriken wie der hieltyd mear ferlet fan brânstof. De koaleyndustry groeide en omdat der nije techniken kamen om de koalen op in ienfâldigere wize út 'e grûn te krijen wie der ek in massaproduskje fan koalen.
[bewurkje seksje] Ynfrastruktuer
It guod dat produsearre waard moast ferkocht wurde en nei de winkels, klanten ensafuorthinne. Yn dy tiid waard it transportnetwurk grutter, der kamen ûnder oare nije kanalen foar de skipfeart. De stoommasine wie de grûnslach foar de stoomtrein, dy't in soad guod ferfiere koe.
[bewurkje seksje] Sosjale konsekwinsjes
Mei de yndustrialisaasje moasten der fabriken boud wurde foar de massaproduksje. De arbeiders teagen nei de kriten dêr't dy fabriken stiene. Dy fabriken fersmoargen tige, en dat wie net sûn foar de minsken yn de neiste omkriten fan it fabryk. Foar de Yndustriële Revolúsje wie der ek al bernearbeid, mar mei de groeiende befolking en ûnderrjocht waard it better sichtber. Oan 'e ein fan de 19e ieu waarden der rûnom yn West-Jeropa wetten yntsjinne tsjin de bernearbeid. Yn deselde ieu kaam it sosjalisme fan 'e grûn.
Neffens Karl Marx wie it yndustrieel proletariaat de drager fan de sosjalistyske beweging. [1] Yn Fryslân wie yn dy tiid amper yndustry, mar de sosjalistyske politikussen Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Pieter Jelles Troelstra hienen harren grutste oanhing yn de provinsje Fryslân.
[bewurkje seksje] Ferwizing nei boarne
- ↑ De miskende taaiheid fan it Frysk, Bertus Mulder, side 66 ISBN 978 90 330 0611 1