André-Marie Ampère
From Wikipedy
André-Marie Ampère (22 jannewaris 1775, Poleymieux-au-Mont-d'Or by Lyon - 10 juny 1836, Marseille) wie in Frânsk natuerkundige, dy't sjoen wurdt as ien fan de ûntdekkers fan de elektrisiteit.
Ampère waard berne yn Lyon. Hy studearre yn ferskate fjilden fan wittenskip. Fan likernôch 1796 begûn er mei lesjaan. Earst wiskunde, skiekunde en talen yn Lyon, fan 1801 natuerkunde en skiekunde yn Bourg, yn 1804 koart wiskunde yn Lyon, en úteinlik wiskunde en natuerkunde yn Paris, fan 1809 ôf oan de École Polytechnique en fan 1826 ôf oan it Collège de France. Lykas gâns fan syn tiidgenoaten wie er ek aktyf op it gebiet fan de filosofy, en fan 1819 ôf wie er ek prefester yn de filosofy. André-Marie Ampère ferstoar 10 juny 1836 yn Marseille.
Ampère kaam as earste ta de konklúzje dat elektryske stream de feroarsaker wie fan magnetisme. Dermei wie er ien fan de grûnlizzers fan de elektrodynamika. De ûntdekking fan de prinsipes fan de telegrafy wurdt him ek taskreaun.
Nei him binne de SI-ienheid ampêre en de wet fan Ampère ferneamd.