Natuerkunde
From Wikipedy
Natuerkunde is de witttenskip fan de matearje. Der wurdt ek wol sein dat natuerkunde de net-libbene natuer bestudearet. De natuerkunde is in eksakte wittenskip.
Natuerkundigen bestudearje it gedrach en de ynteraksje fan matearje yn romte en tiid. It wurd "matearje" moat dêrby breed opfette wurde; it kin massa op makroskopiske skaal wêze, mar ek bygelyks elektromagnetyske straling of yndividuele elemintêre dieltsjes en harren ynteraksjes. De natuerkundige bestudearet de eigenskippen fan de eleminten en ferbinings, lykas bygelyks fase-oergongen, kristalstruktuer, fiskositeit en waarmtelieding, en besyket in útlis foar dy eigenskippen te finen.
Natuerkunde hat te krijen mei de meeste oare eksakte wittenskippen:
- Skiekunde, dêr't sjoen wurdt nei reaksjes tusken ferskillende stoffen (fysyske gemy);
- Biology, dy't him meinammen dwaande hâld mei de libbene matearje (biofysika);
- Ierdwittenskip (geofysika, stjerrekunde).