Arianisme
From Wikipedy
It arianisme wie yn it iere Kristendom, in streaming dy't nei har stifter Arius (256-336), presbyter fan Alexandrië neaamd waard.
Yn it arianisme wurdt it dogma fan de trije-ienheid net akseptearre. De oanhingers fan dit leauwen, seagen sawol Jezus Kristus as de Hillige Geast as skepsels fan God de Heit, der't sy ûnderskikt oan wienen. Hjirby wie Jezus allinnich ûnderskikt oan God, wylst de Hillige Geast sawol ûnderskikt wie oan Jezus as God.
It ferskil tusken de ortodoksy en arianisme kaam hjir op del: de ortodoksy seit dat Jezus God is, wylst it arianisme sprekket oer godgelikens.
[bewurkje seksje] It Romeinske Ryk
Yn de 4e ieu wie it konflikt tusken arianisten en de neifolgers fan it dogma fan de trij-ienheid it grutste striidpunt yn de Tjerke. Om it konflikt op te lossen waard it Konsilje fan Nicaea (325) byien ropt. De der opstelde belidenis fan it Leauwen, alhoewol't it aksepteare waard troch sawol de arianen as de net-arianen, hâlde in feroardieling fan it arianisme yn, fanwege de sinsnede dat de Heit en de Soan "fan itselde substânsje" binne.
Undanks dizze fersmiting bleau it arianisme noch in skoftlang ynfloedryk. Tiidens bepaalde periodes wie it sels de oerhearsende teology. In nij fersmiting folgde op it Konsilje fan Konstantinopel (381). Troch hurd optreden fan keizer Theodosius I tjsin de folgers fan it Arianisme, wie dit leauwen by de Romeinen om-ende-by 400 sawat útroege.
[bewurkje seksje] De Germaanske keninkryken
Tiidens de bloei fan it arianisme wie Ulfila begûn mei sendingswurk ûnder de Goaten. Hy soargde foar in Bibelfertaling yn it Goatysk. De Gotyske lieder Fritigern bekeare him ûnder it regear fan de ariaanske keizer Valens ta it arianisme en as gefolch hjirfan waarden de measte oare Germaanske stammen yn it Romeinske ryk harren ek ta it arianisme. Dit jilde ek foar de Fisigoaten, de Ostrogoaten, de Fandalen, de Boergonden en de Langobarden.
Allinnich de Franken bleau heidensk oant it westlik Romeinske Ryk - der't sy foederati yn wienen - ferdwine soe. Sy stapten pas let, ûnder kening Klovis oer op it Kristlik leauwen, mar oars as by de oare Germaanske folken, hinge sy it Roomske leauwen oan. Derby hienen sy in foardiel, want troch dit leauwen soenen sy in bettere oansluting krije mei de foarhinne Romeinske ûnderdanen as de oare Germaankse folken.
By de Ariaanske keninkryken bleau lykwols de kloof tusken de Germaanske eallju en de Romaanske en roomske befolking grut. Yn de roomske Tjerke waard yn it Latynsk predikt, wylst dit by de Arianen yn it Germaansk dien waard. Yn it Fandalenryk yn Noard-Afrika late dizze tsjinstelling ta in soad geweld en ferfolgings fan de katolieken (alteast neffens Gregorius fan Toers, in roomske skriuwer).
De Ariaanse ryken gongen lykwols ien foar ien ferlern. De Fandalen en Ostrogoaten waarden troch keizer Justinianus I yn de 6e ieu ferneatige en de Bourgonden troch de Franken. De Sueben gongen út eigen beweging oer nei it Katolysisme, om´t mear stipe tsjin harren machtige Fisigoatyske buorren te krijen.
Allinnich de Fisigoaten yn Spanje bleau festhalde oan it ariaanse leauwen oant kening Rekkared I him bekeare liet ta it katolisysme yn 589. Hy woe dermei krekt as de Sueben syn keninkryk better oanslutting krije mei lannen om Spanje hinne, ek woe hy de tsjinstellings ûnder syn befolking fuort romje. Dizze oerstap fan Rekkard wie sawol foar it arianisme en de Goatyske taal it bejin fan it ein.