Beatrix fan Nederlân
From Wikipedy
Keninginne Beatrix (* 31 jannewaris 1938, Paleis Soestdijk) is de keninginne fan Nederlân sunt 1980.
Beatrix waard berne as earste bern fan Keninginne Juliana en Prins Bernhard fan Lippe Biesterfeld. Op 10 maart 1966 troude se mei Prins Claus von Amsberg. It pear krige trije soannen: Prins Willem-Alexander, Johan Friso en Constantijn. Yn 1980 folge se har mem, Keninginne Juliana op as keninginne fan Nederlân. Beatrix hat as keninginne in protte besites oan Fryslân brocht.