Feriene Arabyske Emiraten
From Wikipedy
|
De Feriene Arabyske Emiraten is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Aboe Dabi en de presidint fan de federaasje is sûnt 2004 Sjeik Khalifa bin Zayed Al Nahayan.
De Feriene Arabyske Emiraten wurde begrinzge troch:
- de Persyske Golf yn it noarden;
- Oman en de Golf fan Oman yn it easten;
- Saûdy-Araabje yn it suden en westen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
De steat fan Feriene Emiraten leit oan de eastlike kust fan de Arabyske skiereilân, oan de Persyske Golf. It lân bestiet út lege flaktes dy't oergean yn sândúnen en woestijnen. Nei it easten ta wurdt it lân bercheftiger.
[bewurkje seksje] Befolking
It persintage fan lânseigen befolking, meastepart Arabieren fan Bedwynske komôf, is lyts, mar de lân begastet in tige grut tal fan bútenlânske wurkers, meastepart Aziaten.
[bewurkje seksje] Polityk
Sân emiraten foarmje de uny:
- Aboe Dabi
- Adjman
- Doebai
- Fudjeira
- Raas al-Chaima
- Sjardja
- Om al-Keiwein
De uny hat gjin demokratysk systeem, mar de libbensstandert is ien fan de heechsten yn de wrâld.
[bewurkje seksje] Ekonomy
It machtichste en rykste fan de emiraten is Aboe Dabi, wylst Doebai ferneamd is as in aktyf ynternasjonaal hannelssintrum. De grutte rykdom fan it lân ûntsprút oan de oalje; efter Saûdy-Araabje en Irak binne de Emiraten de grutste produsint fan oalje.
[bewurkje seksje] Skiednis
Nei ieuwen fan konflikten waarden dizze emiraten yn de 19e ieu twongen Grut-Brittanje harren definsje en bûtenlânske polityk oer te litten. De emiraten waarden yn 1971 wer ûnôfhinkelyk.