Taal
From Wikipedy
In taal is in gehiel fan spraak en/of symboalen dêr't ideeën yn werjûn wurde kinne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Sprutsen talen
Sprutsen talen binne opboud út klanken (spraak), in gehiel fan gearstallingsregels (grammatika), en in wurdskat. Meast is der ek in systeem fan symboalen (alfabet) dêr't men de taal mei fêstlizze kin.
[bewurkje seksje] Natuerlike talen
De natuerlike talen binne de talen sa't dy yn de rin fan de skiednis troch de grutte ôfstannen tusken de ferskate groepen minken ûntstean binne. Dizze talen wurde yndield yn taalfamyljes dy't oanjouwe hokfoar talen út ien en deselde taal fuortkommen binne. Of alle talen op dy manier ien grutte famylje foarmje is noch in iepen fraach. It is net bekend hoefolle natuerlike talen oft der binne, mar de measte skattings lizze tusken de 10.000 en 100.000.
[bewurkje seksje] Keunsttalen
In de rin fan de tiid binne der ek talen makke. De ferneamste is faaks Esperanto, makke troch Dokter Zamenhof, mar der binne noch ferskate oare talen dy't mei itselde doel ûntwurpen binne: ien taal te meitsje dy't troch eltsenien op de wrâld begrypt wurde kin. Fierders binne der ek keunsttalen yn fiksje, lykas de elvetalen fan Tolkien, of it Klingon út de televyzjesearje Star Trek.
[bewurkje seksje] Net-sprutsen talen
Njonken de sprutsen talen binne der talen dy't net sprutsen wurde. Men kin in ûnderskied meitsje nei de oerienkomst mei sprutsen talen, al is het net dúdlik hoenear eat krekt noch in taal is, en hoenear net.
[bewurkje seksje] Gebeartetalen
Gebeartetalen wurde meast brûkt troch minsken dy't net prate kinne. In part fan dizze talen is in útbylding fan in sprutsen taal, mar de measte hawwe in wurdskat dy dúdlik ôfwykt. Oare, beheinde gebeartetalen wurde brûkt foar omstannichheden dêr't net yn sprutsen wurde kin, lykas ûnder wetter.
[bewurkje seksje] Masinetalen
Masinetalen wurde brûkt om masines te bestjoeren. Sommige masinetalen, fral kompjûtertalen, brûke in soad wurden út natuerlike talen, mar de talen binne tige beheind wat it gebiet wat se omskriuwe kinne oangiet.
[bewurkje seksje] Taal-kodearings
Talen as Morse en Braille binne gjin talen op sich. Se hawwe gjin eigen wurdskat, mar binne inkeld alternative symboalen dêr't in taal oars as oars yn trochjûn wurde kin.
[bewurkje seksje] Twataligens en dûbeltaligens
Yn it ramt fan minderheidstalen komme de begripen twatalich- en dûbeltalichheid gauris nei foaren.
[bewurkje seksje] Dûbeltaligens
België is in dûbeltalich lân. Se binne dêr wend om mei-inoar of Frânsk of Nederlânsk te praten. Om't it Frânsk foar master opslacht, moat de Flaming gauris oerskeakelje fan it Nederlânsk nei it Frânsk.
[bewurkje seksje] Twataligens
Yn Fryslân wurdt it twatalige systeem brûkt. Sitte jo oan 'e stamtafel dan kin it wêze dat de iene it Frysk en de oare it Nederlânsk foar kar nimt. It moaie is dat de iene de oare wol begrypt. It twatalige systeem fereasket dat jo jo ynspanne om de oare syn taal te ferstean. In bytsje de oare taal lêze heart der ek ta. In foardiel is dat elts de eigen taal en taaleigen brûke kinne.
[bewurkje seksje] Kombuorden
Om't it liket as easket de taal fan in komboerd it plak op foar in taalmienskip, is der yn meartalige gebieten altyd in soad oer de kombuorden te dwaan. In komboerd kin op him sels fansels net twatalich wêze, dat it moat dûbeltalich wêze, of it moat ientalich wêze. Faak is it net genôch dat in komboerd dûbeltalich is, om't der dan spul is oer de taal dy't earst komt.
In soad kombuorden yn Fryslân binne dûbeltalich. Nei de twadde wrâldkriich kaam by de Friezen it ferlet om njonken de 'Nederlânsktalige plaknamme' ek de Frysktalige plaknamme op it komboerd te setten. Utsein yn 'e gemeenten Lemsterlân en Ljouwerteradiel hat soks syn beslach krige. Yn 'e santiger jierren fan de 20e ieu hat him soks yn in pear gemeenten trochset nei allinnich de Fryske plaknamme op it komboerd. Dat koe allinne troch yn 'e Gemeentlike Basis Administraasje de 'Nederlânsktalige' namme te skrassen en de Fryske dêrfoar yn it plak te setten.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Letterkunde
- Stavering
- Taalkunde
- Talen fan de wrâld