Lodewyk de Fromme
From Wikipedy
Lodewyk I de Fromme (Chasseneuil by Poitiers, april, juny of augustus 778 - Ingelheim am Rhein, 20 juny 840) wie in Frankyske kening. Hy folgde syn heit Karel de Grutte op as kening nei syn dea yn 814 en regearde fan 814 oant syn dea yn 840. Paus Stefanus V kroande him yn 816 as keizer fan it Westen.
It wie Lodewyk syn stribbe om't de neilittenskip fan syn fan syn heit fêst te hâlden, dat die er yn earste plak mei it trochfieren fan leauwenswerfoarmingen. Mar hy regele syn eigen opfolging tige min, en syn regear waard kenmerke troch fernederings en mislearings.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Doe syn heit yn Noard-Spanje op fjildtocht wie, befoel syn mem fan him op 11 april, mar ik ken ek yn july oant augustus 778 west hawwe, yn de Palts fan Chasseneuil by Poitiers fan in twaling. Nei de weromkomst fan Karel waarden sy doopt mei de nammen Lodewyk en Lothare. De karolingyske keningnammen Karel, Karloman en Pepyn wienen al fûtjoen oan Karel syn oare soanen. Fan dizze twaling stoar de lytse Lothar al gauris yn 779, wylst Lodewyk sûn bleau.
Op 16-jierige leeftyd houlikte mei Ermengarde yn 794, der't hy trije soane by hie: Lothar, Pepyn en Lodewyk de Dútser. Letter soe hy mei Judith trouwen, dy't him syn fjirde soan joech: Karel.
Yn 814 stoar Karel de Grutte en waard Lodewyk syn opfolger. Der weinen gjin opfolgingslimmens, want Lodewyk wie doe syn noch iennige libbende soan. Dermei waard Lodewyk mei syn 36-jier allinnich hearser oer it Frankyske ryk, krekt as syn heit dat west hie.
[bewurkje seksje] De earste regearjieren
De earste fase fan syn regear waard kenmerke troch yntensiefe wetjouwing op wrâldsk en tsjerklik flak. Wylst syn heit it Frankyske ryk útwreide hie, besike Lodewyk de grutensk fan it ryk fêst te hâlde en it yn stevig fundamint te jaan. Yn dit opsicht fuorde hy in stringe werfoarming troch fan it kleasterlibben, dy't troch de geastlikheid posytief ûntfongen waard en der ta liede soe, dat de keizer en klerus ek yn de takomst wichtige kwesties mei ienoar oerien kaam. Yn dizze tiid is doe ek de betinkins ûntstien fan de ienheid fan it Ryk ûnder it kristendom. It wie benammen troch Lodewyk syn goeie ferstanshalding mei de Tjerke en syn sear kristlike libbens oertjoeching en libben dat hy nei syn dea de bynamme fan 'de Fromme krieg. Yn 816 waard Lodewyk troch paus Stephanus IV as keizer kroand.
Tegearre mei de klerus besike Lodewyk yn july 817 fia de Ordinatio Imperii (Ordening fan it Ryk) de kristelijke ienheid op syn grûngebiet ek foar te takomst te behalden. Dizze ordening hâlde yn dat syn aldste soan Lothar as mei-keizer kroand waard en dat hy nei Lodewyk syn dea de keizerstitel krije soe. De beide oare soanen Pepyn en Lodewyk de Dutser kriege allinich de keninklike waardigheid en in dielkeninkryk - efter mekoar Aquitaanje en Beieren - tawezen, wylst Lothar as kening fan het Middenryk en keizer de absolute opperhearskippij oer syn broers sou besitte. De ryksordening fan 817 wie dermei in modern polityk ûntwerp foar de oplossing fan in eksplosief probleem, wer't de kiemen foar takomstige konflikten lykwols al ynboud wienen.
[bewurkje seksje] Krisis
It kaam al gauris ta in utbarsting. Nei de dea fan syn earste frou Ermengarde houlikte Lodewyk de Fromme yn 818 foar de twadde kear, diskear mei de Beierse Judith. Op oandringen fan syn ambitieuske echtgenoate skonk hy yn 829 op de ryksdei fan Worms syn jongste soan Karel de Elzas, it Zwaben en Bourgondje ta.
Dit wienen lykswols de kernlânnen fan it Frankyske ryk en Lothar, syn aldste soan koe syn ûngenoegens hjiroer net ferberge. Als gefolch hjierfan briek der yn 830 in oanhâldend machtstriid ut tusken Lodewyk mei syn trije aldste soanen, en tagelyker tiid ek tusken de broers ûnder ienoar.
Lang om let seach it er nei ut dat it ta in beslissend treffen komme soe yn de simmer fan 833, doe de legers fan de keizer en dy fan de trije broers by Kolmar (Elzas), tsjin ienoar kaamen te stean. Dat it net ta in fjildslach komme soe, kaam om't in soad fan Lodewyk syn soldaten nei de fijan oer rûn. Dizze bartnis soe de skiednis yngean as it Lügenfeld.
[bewurkje seksje] Ein
De triomfearende broers makke derop harren heit finzen en lei him inkele fernederende foarwaarden op. Yn Reims waard hy symbolysk fan de kerkdrempel ferbanne en moast hy yn it iepenbier in skuldbekentnis ôflizze.