Manama
From Wikipedy
Manama (Arabysk: المنامة Al-Manāmah) is de haadstêd fan De Barein, en leit oan de noardeastkust fan it lân. It is de grutste stêd fan de Barein en hat sirka 150.000 ynwenners, likernôch in fearn fan de befolking fan hiel it lân.
Manama wurdt al neamd yn 1345. It waard yn 1521 ynnaam troch Portugal, en yn 1602 troch Perzje. Yn 1958 waard it in frijhaven, en mei de ûnôfhinlikens fan it lân yn 1971 waard it de haadstêd fan de Barein.