De Barein
From Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
De Barein is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Manama en de kening fan de monargy is sûnt 2002 Hamad bin Isa Al Khalifa.
De Barein wurdt begrinzge troch:
- de Perzyske Golf yn it noarden;
- de Golf fan Barein yn it easten, súden en westen;
- Katar yn it súdwesten;
- Saûdy-Araabje yn it westen.
It golfsteatsje ferfollet troch de sintrale lizzing in wichtige ekonomyske en finansjele funksje yn de oaljewrâld.
Barein waard op 15 augustus 1971 ûnôfhinklik fan Grut-Brittanje.
[bewurkje seksje] Geografy en klimaat
Barein bestiet út in groep fan trijeentritich eilannen yn de Persyske Golf, dy't ûnderling ferbining hawwe fia in netwurk fan brêgen. Der is ek in brêgeferbining mei Saûdy-Araabje: de Kening Fahd Causeway. De namme Barein besjut yn it Arabysk letterlik twa seeën. Dat ferwiisd nei de laach swiet wetter dy't earder ûnder de sâlte laach seewetter om de eilannen hinne oantroffen waard. Tsjintwurdich is dy laach swiet wetter net mear oanwêzich. Troch it hjoeddeiske waarme klimaat yn de Golf is Barein foar it meastepart woastyn.