Neutraal Moresnet
From Wikipedy
Neutraal Moresnet wie, fan 1816 oant 1919, in Jeropeeske ministeat fan 3,44 km², dy't allinnich bestie om't de buorlannen Prusen en Nederlân it by it Kongres fan Wenen net net iens wurde koenen oer harren nije grins. Beide lannen woenen de sinkmyn fan Kelmis hawwe, mei as gefolch dat se yn it Ferdrach fan de grinzen de gemeente Moresnet opdielden yn in Nederlânsk part, Moresnet, in Prusysk part Nij Moresnet, en in neutraal part mei de sinkmyn, Neutraal Moresnet, dat se tegearre regeare soenen oant se it iens wienen oer de opdieling.
Neutraal Moresnet wie in smelle trijehoek dy't de dyk fan Aken nei Luik ferbûn mei de Faalserberg. De grins wie 11 km lang, en it lân hie 256 ynwenners (1816).
Yn 1830/1839 waard Belgje ûnôfhinlik, en troch de Konvinsje fan Maastricht waard it trijelannenpunt op de Faalserberg ta in fjouwerlannenpunt, om't it no ek it begjinpunt fan de grins tusken Belgje en Nederlân wie. Moresnet lei besuden de grins en waard in part fan Belgje, en Belgje naam ek de funksje fan Nederlân yn it regearjen fan Neutraal Moresnet oer.
Yn 1885 rekke de sinkmyn leeg, mar ek dêrnei koenen Dútslân en Belgje it net iens wurde oer de opdieling. Uteinlik waard it Ferdrach fan Maastricht ferbrutsen doe't yn 1914 Neutraal Moresnet ynnaam waard troch Dútslân, en yn 1915 ta Prusysk gebiet ferklearre waard. Doe't de Earste Wrâldkriich foarby wie, waard it probleem fan de opdieling oplost doe't Dútslân yn 1919 yn it Ferdrach fan Fersailles de soevereiniteit fan Belgje oer it bestriden Moresnet erkende.