Parys
From Wikipedy
Parys is de haadstêd en grutste stêd fan Frankryk. Tagelyk is it de haadstêd fan de regio Île-de-France, de regio mei de measte ekonomyske aktiviteit fan Frankryk. De bynamme fan Parys is de Ljochtstêd (la Ville Lumière). De romantyske reputaasje fan Parys ferklearret foar in part dat elts jier 30 miljoen besikers nei de Frânske haadstêd tôgje. De rivier de Seine snijt de stêd yn twa-en mar beide parten binne middels stikmannich brêgen en in útwreide metrosysteem mei mekoar ferbûn.
De Stêd Parys hat 2.144.700 (2004) ynwenners, it Steedlik Gebiet Parys wurdt bewenne troch 9.900.000 minsken (2006) en yn it saneamde metropolitan area wenje sa'n 11.5 miljoen minsken, wat Parys ta ien fan de grutste metropoalen makket.
It meast ferneamde bouwurk is de Eiffeltoer (Tour Eiffel), boud foar de Wrâldútstalling fan 1889.
It Louvre is in bekind museum, dêr't û.o. de Mona Lisa oan de wand hinget.
Te hôf brocht yn Parys: byldhouwer Constantin Brâncuşi.