Swarte See
From Wikipedy
De Swarte See is in binnensee, dy't ynklamme leit tusken Jeropa en Lyts-Aazje. It oerflak is grut sa'n 422.000 kante kilometer en it djipste punt is sa'n 2020 meter. De Bosporus ferbynt de Swarte See mei de See fan Marmaris, dy't op syn beurt fia de Dardanellen yn ferbining stiet mei de Midlânske See. Yn it noarden fan de Swarte See leit it skiereilân De Krim, dat ek grinst oan de See fan Azov.
De lannen lizzend oan de Swarte See binne De Ukraïne, Ruslân, Geörgje, Turkije, Bulgarije en Roemeenje. Yn'e Swarte See komme fiif grutte rivieren út: de Donau, de Dnjepr, de Dnjestr, de Don en de Kûban.