It Heechsân
From Wikipedy
It Heechsân (offisjeel Frysk) is in buorskip by Eastermar yn Tytsjerksteradiel. It leit noardeast fan it doarp, drekt east fan de wei nei Skûlenboarch.
It Heechsân is de oarspronklike doarpskern, dy't op it sân fan in morene leit, 3m heger as de Burgumer Mar. Hjir stiet ek noch de tsjerketoer, út de 14e ieu. Troch de feanting by it Wytfean waard de buorskip De Wâl, oan de Lits, hieltiid fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.
Om betizing mei Hegesân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.