Filippus II
From Wikipedy
Filippus II (382 f.Kr. – 336 f.Kr. ; yn it Gryksk: ΦΙΛΙΠΠΟΣ) wie de Kening fan Masedoanje fan 359 f.Kr. oant syn dea. Hy wie de heit fan Aleksander de Grutte fan Masedoanje.
De ynwenners fan Masedoanje wurde yn de fjirde ieuw foar Kristus troch de oare Grykse (stêds)steaten besjoen as in lomp boerefolkje, dat kulturiel lang net meikomme kin op harren nivo. Hja hienen har noch net yn stêdssteaten organisearre mar wienen oan in kening ûnderhearrich, en dat wie foar de Griken in grûn de Masedoanjers net as Griken te sjen, hoewol't se wol in Gryksk dialekt sprutsen. Dochs wit Filippus, dy't yn syn jonge jierren fêstsiet as gysler yn Thebe en dêr in goede oplieding krige, syn lân sa te organisearjen dat it in gefaar wurdt foar de rest fan Grikelân. De goudminen soargen foar it nedige kaptaal by de opbou fan syn leger, dat ferneamd is troch syn soldaten mei spearen fan wol fiif meter lingte.
Op 8 novimber 1977 fynt de Grykse archeolooch Andronikos in net fersteurde grêfkeamer yn in grutte heuvel by Vergina, yn it Noard-Grikelân. Yn in goudene kiste lizze neffens him de bonken fan Filippus, al sizze oare saakkundigen dat it de oerbliuwsels fan Filippus III, in healbroer fan Aleksander de Grutte, binne.