Aleksander de Grutte
From Wikipedy
Aleksander III (356-323 foar Kristus) of Aleksander fan Masedoanje is yn it Westen better bekind as Aleksander de Grutte (yn it Gryks: Μέγας 'Aλέξανδρος, sprek út as Megas Aleksandros).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jeugd
Aleksander wurdt berne yn Pella, yn it noarden fan it hjoeddeiske Grikelân, as soan fan de kening fan Masedoanje Filippus II en prinses Olympias. As jongfeint is Aleksander in goed hynderrider en kriget hy les fan de wiisgear Aristoteles.
Al op syn 18de joech er lieding oan in legerûnderdiel yn de Slach by Kaeronea (338 f.K.) Yn dizze slach wurde de losse stedssteaten fan Griekenlân ferslein en komt hiel Griekenlân ûnder it regear fan syn heit Filippus de Twadde.
[bewurkje seksje] Fjildslaggen yn Persië
Nei de moard op Filippus II yn 336 f.K. werstelt Aleksander de oarder yn it lân en ret him ta om it machtigste lân fan de doetiidske wrâld, Persië (in lân dat de notiidske lannen Irak, Iran, Syrje en Turkije beslacht), te ferôverjen. Der folgje in tal slaggen dy't der ta eintsjebeslút foar soargje dat Aleksander de skepter oer Persië swaaie sil.
- 334 f.K. - Slach by Granikus
- hjerst 333 f.K. - Slach by Yssos
- 331 f.K - Slach by Gaugamela
By de Slach by Gaugamela wurdt it leger fan kening Darius III fan de Persen foar de tredde kear ferneatige. Hoewol't Darius noch ûntkomme kin wurdt er letter troch ien fan syn eigen generaals fermoarde.
[bewurkje seksje] Oare fjildslaggen
Noch foar de Slach by Gaugamela nimt Aleksander Egypte yn en lit himsels as Farao beneame. Nei in fisioen lit er de foarste plannen meitsje foar de bou fan de earste fan 30 stêden dy't nei him ferneamd wurde sille: Aleksandrië.
De ynwenners fan de stedsteat Tyros wane harren feilich op it festingseilantsje dêr't hja wenje. Aleksander hat krekt syn float fuortdien, mar lit sjen út wat foar hout er snijt is. Hy lit in daam fan 800 meter troch de Midlânske See oanlizze en en op brute wize wurdt Tyrus opnaam yn it alsmar grutter wurdende Hellinistyske Ryk.
De ynwenners wurde deaslein of ferkocht as slaaf. De hiele operaasje duorret sa'n sân moannen en dat wie de ûngeduldige Aleksander net nei de sin.
Letter wurde de stêden Babylon, Persepolis, Susan, Herat en Samarkand ynnaam lykas de gebieten Medië en Scythië. De Yndiaaske kening Porus fan Punjab wurdt ferslein mar troch de moannenlange rein wolle de soldaten net fjirder mei de segetocht en úteinlik lûkt Aleksander mei syn leger werom nei it westen.
[bewurkje seksje] Dea
Yn 323 ferstjert Aleksander yn it paleis fan Nebukadnezar II yn Babylon (it Bibelske Babel). De reden fan ferstjerren is net rjocht dúdlik. Faaks waard er mei sin fergiftige troch in komplot fan syn eigen generaals. Feit wie dat syn lichem ferswakt wie troch û.o. in swiere ferwûning fan in pylk yn syn boarst, oprûn yn Yndia. In nijere teory jout as wiere grûn foar it ferstjerren fan Aleksander it ferkeard brûken fan in medisyn troch syn doktors. Yn sté fan fertuten docht in oerdosis fan it yn it hollânsk neamde nieskruid deadlik wurk yn it ferswakte liif fan de kening. Fan syn plannen om Arabië en Kartago oan te fallen komt neat mear telâne. Nei syn dea falt it grutte ryk hurd útinoar.