Julianus Apostata
From Wikipedy
Flavius Claudius Julianus (6 novimber 331 - 26 juny 363), better bekind as Julianus II, Julianus de Ôffallige of Julianus Apostata, wie keizer fan Rome fan 360 oant 26 juny 363.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben
Julianus wie de jongste soan fan Iulius Constantius (in healbroer fan keizer Konstantyn de Grutte), en syn frou Basilina. Doe't nei de dea fan Konstantyn yn 337 al syn manlike besibben troch soldaten waard fermoare, wienen Julianus en syn âldere broer Konstantius Gallus likernôch de iennige oerlibjenden. Oant 351 koe hy restich libje op it famyljegoed yn Lyts-Aazje, wer hy de ynfloed ûndergong fan de Ariaanse bisskop Eusebius. Neidat syn broer, Gallus, troch keizer Konstantius II, ûnder druk fan de omstandigens, ta Caesar wie ferheven, krieg Julianus self ek mear frijheid: hy gong studearje, earst yn Milaan en ferfolgens yn Athene, wert benammen syn ynteresse foar de Grykse kultuer ûntstie.
[bewurkje seksje] Opkommen
Yn 354 waard Gallus op befel fan de keizer fermoard fanwege wanbelyd, wêrnei Julianus him as Caesar opfolge moast. Hy trêdzje yn it houlik mei Helena, de jongste sus fan de keizer. Yn dizze hoedanigens waard hy opperbefelhawwer fan it Romeinske leger yn Galje en hiel it westen fan it Ryk. Hy hie in protte te stellen mei de Franken oan de Ryn-grins. Mei it leger gie hy oant trije kear ta oer de Ryn. Hy helle ferskate suksessen op de Franken en slet in fredesferdrach wêrtroch de Salyske Franken tastimming krigen harren te festigjen yn Noard-Galje, tsjinwurdich Súd-Nederlân en Belgje. Sy waarden dermei de earste Germaanske bûnmaten (foederati) dy’t op Romeinske grûngebiet in stik lân tawizen kriegen.
Keizer Konstantius seach mei grutte wantrouwens nei dizze suksessen fan syn neef. Yn 360 moast Julianus in wichtich diel fan syn troepen oan de keizer ôfstien: die woe dizze striidkrêften gebrûke foar syn eigen kampanje tsjin Persje. Mar it rûn oars, de soldaten, dy ‘t hiel bot stelt wienen op Julianus kaam yn opstân en ropten him yn Parys ta tsjinkeizer út. Konstantius wou hjir neat fan witte en wize elk kompromis ôf, de burgersoarloch wie in feit. In grut debakel waard allinnich foarkommen troch de dea fan keizer Konstantius, dy't op syn stjerbêd Julianus as syn legitime opfolger beneamde.
Tidens syn koarte regear as keizer hat Julianus de senaat altyd mei respekt behannelje. Hy bestride de korruptie ûnder de ambtenaren, en besike ek de ynflaasje tsjin ta hâlden, u.m. troch it muntstelsel ta herfoarmje. Mar foaral op it godstjinnich flak hat hy yngeand yngripe. Hy wie foarstander fan frijheid fan leauwen, mar lei de kristenen wol beperkings op. Nettsjinsteande syn Kristelike opfieding krieg hy al ear in grutte ôfkear fan dit leauwen, en wie hy earnstich boeid troch it neoplatonisme. Hy dreamde derfan de âlde net-kristlike earetsjinsten en tradysjes wer ta libbe wekke, en derta besike hy u.m. it priesterskap nei kristelik foarbyld te her organisearen en moreel te ferheffen. Hy die net oan bloederige ferfolgings en wou him hjiroan ek net skuldich meitsjen: leaver bestride hy it kristendom troch it oanwakkerje fan harren inerlike ferdieldens. Derta rop hy u.m. ferbanne biskoppen werom ta harren setel. Kristelike leararen joech hy in ferbod de jeugd ta ûnderrjochtsjen, prysters ûntnaam hy harren frijstelling fan belêstingen en hy stie de Joden ta harren timpel yn Jeruzalem te herbouwen. Hjirby iepenteare Julianus in grutte literaire aktiviteit. In protte fan syn skriuwen is bliuwe bestean.
[bewurkje seksje] Dea
Festbesletten it Romeinske gesach yn it Easten te herstellen, foel hy yn 363 Persje yn. Neidat hy mei sukses fier it Perzyske Ryk yntrekke waar, ron hy op 26 july 363 ticht by Bagdad yn in gefaarlike fjildslach ferstrikje. Julianus "de Ôffallige" stoar oan ferwûnings dy’t hy opron op it striidperk. Hy wie doen 32 jier âld. Op syn stjerbêd soe hu noch útropt hawwe:"Gallileejer, do hast wûn!", mar dit is net histoarysk bewêzen.