Langobarden
From Wikipedy
De Langobarden (ek Lombarden of Longobarden) wienen een West-Germaansk folk dat froeger oan de igge fan Elbe wenne hat. De Romeinske skiedkundige Tacitus fermelde harren yn syn Germania, (98). Op it ein fan de Grutte Folkeferfarren yn de 6e ieu stifte sy yn Itaalje in keninkryk op de resten fan it Romeinske ryk.
[bewurkje seksje] Migraasje nei it súden
De folkeferfarren fan de Langobarden fûn yn etappes plak. Fan ôf likernôch 200 ferpleatse sy harren langsaam fan de utrin fan de Elbe, omheech nei de hjoeddeistige Dutske dielsteat Saksen Anhalt. Om 350 hinne hienen de lêste Langobarden it oarspronklike wengebiet oan de mûning fan de Elbe ferlitten. Yn de periode tusken 350 - 493 sakke sy fjirder nei it súden ta en kaamen yn de tjsinwurdige Dutske dielsteat Saksen en Bohemen. Sy waarden net ûnderworpen troch de Hunnen en behâlde har ûnôfhinklikheid. Yn dizze periode bekearden de Langobaren harren ta it Arianisme, in kristlik leauwen, en wy kenne ek in oantal haadlingen út dizze periode (Lethu, Hildehok, Godehok en Klaffo).
Yn 493 ferskine de Langobarden yn it gebiet der't foarhinne de Rugiërs wenne hawwe, yn de Romeinske provinsje Noricum, tsjinwurdich Eastenryk. De Langobarden wienen no útwoeksen ta in grut folk, fermoedlik hienen oare Germaanske stammen harren tiidens dizze folkeferfarren by de Langobarden oansleten (freedsaam dan wol twongen). Yn Noricum rekke de Langobarden hieltyd slaags mei de Herulen, dy der in keninkryk stifte hienen oan de Theiss en Mureş.
Tiidens de tocht fan de Langobarden nei it súden wie de stamstruktuur gestadich oan feroare. De Langobarden waarden net langer late troch in oantal haadlingen, mar werden nu geregeerd door één koning. De earste kening dy't wy kenne wie Tato. Dizze Langobardyske kening ferneatige it keninkryk fan de Herulen yn 510. Foar it grutste part foege de oerwonnen Herulen harren by de Langobarden. Tata waard opfolge troch Wacho en dizze fersloech de Sueben oan de Donau. Fanwege dizze oermasterings krige de Langobarden it westlik diel fan de foarhinne Romeinske Provinsje Pannonië yn besit. De Romeinen besike by de Langobarden taïenoar te kommen en likernôch 540 waarden sy fouderati fan de Romeinen. As bûnsmaten fjochte de Langobarden mei yn de oarloggen fan de Romeinen. Sy dienen mei oan de kriich tsjin de Ostrogoaten en fjochten mei yn it easten tsjin de Perzen. Yn de tuskentiid krige de Langobarden yn Pannonië sels te meitsjen mei in ynfal troch de Avaren. Alboin, de opfolger fan Audoin, slette in net-oanfalsferdrach mei de Avaren en smeie in grut Langobardysk leger tegearre, besteande út feteranen dy tsjin de Goaten en Perzen fjochten hienen. Yn 567 foelen de Langobarden en Avaren de Gepiden oan en ferneatige harren keninkryk. De lêste kening fan de Gepiden Kunimund waard fermoarre en Alboin twong syn dochter, Rosamunde ta in houlik.
[bewurkje seksje] Itaalje
Under drok fan de Avaren ferlieten yn 568 de Langobarden en Gepiden de Balkan, sy gongen oer de Alpen en foelen Itaalje yn. Alhoewol't sy der net yn slagge om de ommourre stêden yn te nimmen, koenen sy wol in grut part fan Noard- en Midden-Itaalje oermasterre. Sy stifte der in keninkryk mei de stêd Pavia as haadstêd. Dizze ûntwikseling soe in ein makke oan de polityke ienheid fan Itaalje oant yn de 19e ieu. De macht fan de East-Romeinske keizer waard hjirtroch ynperkt oan it eksargaat fan Ravenna en inkel stêden oan de kust fan Súd-Itaalje. It soe 10 jier duorre foardat sy wer in nije kening koenen keaze nei de dea fan Alboin en syn opfolger Klef.
Om it jier 600 hinne stapten de Langobarden masaal oer nei it roomske leauwen; derfoar wienen sy benammen heidenen of Ariaanske Kristenen.
Yn 755 waard kening Aistulf, dy't de paus bedriige hie, ferslagen troch it Frankyske leger fan Pepyn de Koarte ûnder lieding vfn Chrodegang.
De lêste kening fan de Langobarden wie Desiderius, dy't regearde oant 774, doe Karel de Grutte harren ryk oermasterre en ek de titel "Kening der Langobarden" oernaam. Dit wie ek de earste kear dat in Germaansk lieder de titel fan Kening fan in oar Germaansk folk oernaam. It Langobaryske folk waard stadich oan opnaam yn de omringjende Italo-Romeinske befolking fan Noard- en Midden-Itaalje.