Swarte Earrebarre
From Wikipedy
Swarte Earrebarre | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Ciconia nigra |
De Swarte Earrebarre (Ciconia nigra) is ien fan de twa soarten út de famylje fan de Eibertfûgels dy't yn Europa foarkomme.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Uterlik
De Swarte Earrebarre is mei sa'n 100 sm hast lyke grut as de Earrebarre. Lykas de namme al seit is de swarte earrebarre te underskieden om't der foar it grutste part swart yn de fearren sit. Syn búk is wol wyt en syn poatten en snaffel binne read. De bleate hûd om de eagen is yn de briedtiid ek opfallend read fan kleur.
[bewurkje seksje] Fersprieding
Oars as de Earrebarre is de Swarte Earrebarre meast net sa maklik te sjen. De fûgel libbet yn âlde bosken. Leafbosken mei mei markes en fivers binne harren ideale libbenromte. Ek meit de swarte earrebarre de minsken, hoewol yn de Kaukasus wol groepen fûgels binne dy op âlde gebouwen yn de buert fan de minsken briede. De Swarte Earrebarre komt foar yn Sintraal- en East-Europa mar ek yn Spanje en Portugal komme se wol foar. Fierder komt de fûgel foar yn hiel Aazje dêr't der geskikte bosken fine kin. Yn Súd-Afrika is ek in populaasje Swarte Earrebarren. Útsein de fûgels yn Spanje, Portugal en Súd-Afrika binne it echte trekfûgels dy't grutte ôfstannen fleane om winterdeis yn waarmer gebieten te libjen.
[bewurkje seksje] Iten
Yn iten is de Swarte Earrebarre it meast Kikkerts en Fisken, mear noch as de Earrebarre. Faaks polsket der troch in undjippe beek dêr't der kikkerts, fisken en salamanders fangt. Mar út en troch mei der ek wol eins ynsekten, mûzen oft fûgels pakke.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Swarte Earrebarre makket syn nêst meast yn in âlde beam. Lykas de Earrebarre brûkt der syn nêst mearder jierren en it wurd dêrtroch ek hieltiid grutter. De 2-5 aaien wurde troch beide âlden yn 30-35 dagen útbredt. De jongen blieuwe noch sa'n 2 moannen by harren âlde foar't se harren sels rêde kinne.