Terwispel
Ut Wikipedy
|
Terwispel is in doarp yn de gemeente Opsterlân, noardwest fan Gordyk. It doarp hat likernôch 1002 ynwenners (2005).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Terwispel heart by de âldere delsettings fan de gemeente en hat fan oarsprong in agrarysk karakter. It wurdt nei 1315 wol as Wispolia, Westpalia en Wyspola skreaun. It doarp ûntwikkele him op it krúspunt fan de wei "De Streek" en it wetter De Nije Feart. Dizze Nije Feart waard om 1852 hinne groeven as ûnderdiel fan de turfrûte. Trochdat de feart it doarp yn twaën spjalte waard de brêge oer de Nije Feart ek wol Spaltenbrêge neamd.
By de feanterij yn 1863 binne by it Alddjip wol 161 sulveren muntsjes fûn dy't dêr nei 750 bedarre binne. Ien fan de sydstreamkes fan it Alddjip ûntsprong tusken Terwispel en Koartsweagen. Troch de feanterij binne yn de 19e ieu ek Feanebuert, Kolderfean en Tynje ûntstien. Tynje is letter los komd en waard nei 1900 in eigen doarp.
[bewurkje seksje] Mienskip
In grut part fan it ferieningslibben spilet him ôf yn 'Us Doarpshûs', sa komt ek de feriening fan Pleatslik Belang hjir Oan de Smidte gear. Dit multyfunksjoneel sintrum waard yn 1987 mei in soad selswurksumheid boud. Ien kear yn de twa jier is der in doarpsfeest mei ferskate aktiviteiten. In wichtich ûnderdiel dêrfan is de buertkamp. Wispelweagen is de doarpskrante. De basisskoalle fan Terwispel is It Ambyld en 't Pikehokje it pjutteboartersplak.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Sizze en Dwaan - toaniel
- De Hiskefiskers - shantykoar
- Wispolia - fuotbal, gymnastyk en tennis
[bewurkje seksje] Buertferienings
|
|
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
- Line 10 Arriva: It Hearrenfean – De Knipe – Langsweagen – De Gordyk – Lippenhuzen – Terwispel – Beetstersweach – Olterterp – Drachten – Nijegea – Sumar – Burgum – Hurdegaryp – Tytsjerk - Ljouwert vv.
[bewurkje seksje] Berne yn Terwispel
- Henk Hofstra (1952), keunstskilder en grafysk ûntwerper.
- Atte Jongstra (13 augustus 1956), skriuwer, essayist en resensint
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
[bewurkje seksje] Strjitten
't Feantsje, Alde Dyk, Alde Hiemen, Bûtewei, De Dûker, De Streek, De Fûnken, De Wâlden, Griene Dyk, Harnemûne, Hellingwâl, Klidze Rjocht, Koaibosk, Kolderfean, Mûnesleat, Mouwewei, Rykswei A7, Seagerij, Skarlannen, Skeanpaad, Smidte, Spaltenbrêge, Tolhúsleane, Visserwei.