Follybal
From Wikipedy
Follybal is in balsport wêrby it spylfjild ferdield is yn twa likense helten, skieden troch in net. De beide teams spylje elts op harren eigen helte en besykje troch it slaan as tikjen tsjin de bal, dy op de spylhelte fan de tsjinstanner op de grûn te krijen. Wa't it earst it ôfsprutsen tal punten (tsjintwurdich meastentiids 25) hellet, hat de set wûn. Wa't it earste it ôfsprutsen tal sets wint, hat de wedstriid wûn.
By de meast gongbere fariant fan follybal, it gewoane sealfollybal, bestiet in team út 6 persoanen en is it fjild 9 by 18 meter.
De nethichte hinget ôf fan de kategory wêryn spile wurdt. By jongerein jonger as 13 jier wurdt ek de grutte fan it fjild oanpast.
Yn de rin fan de tiid binne der in tal farianten op it spultsje ûnststien wêrûnder sitfollybal, strânfollybal en foar de jongste spilerkes it sirkulaasjefollybal.
Sûnt 1964 is follybal in Olympyske sport.
[bewurkje seksje] Spulregels sealfollybal
De ôfmjitting fan it spylfjild is 9 by 18 meter, de hichte fan it net 2,43 meter foar manlju en 2,24 meter foar froulju.
- Koart balkontakt: it balkontakt moat koart wêze (te beoardieljen troch de skiedsrjochter) en de bal mei mei elts part fan it lichem spile wurde.
- Ien kear reitsje: in spiler mei de bal net nei himsels spylje, behalve by it blokkearjen.
- Trije kear spylje: in team mei op syn meast trije kear balkontakt hawwe (it blokkearjen telt net as balkontakt)
- Net oan it net: it net en de antinnes meie net oanrekke wurde, behalve as it net licht oanrekke wurdt op in stuit dat de net yn de buert is en it de tsjinpartij net hinderet (te beoardieljen troch de skiedsrjochter).
- Net ûnder it net troch: in spiler mei it spylfjild fan de tsjinstanner net oanreitsje. De middelline makket diel út fan beide spylhelten. Allinne as in foet los is fan de middelline en de spylhelte fan fan de tsjinstanner rekket is it foetfout.
- Skoare: in team skoart as de bal it spylfjild fan de tsjinstanner rekket of as in tsjinstanner in (technyske) fout makket.
- Skoare is opslaan: it skoarende team krijt of hâldt de opslach. As in team troch te skoaren de opslach nei him tahellet, dan draait dat team ien plak mei de klok mei.
- 6x wikselje: elts team hat eltse set it rjocht om seis kear te wikseljen. In spiler mei yn in set op syn meast twa kear wiksele wurde. De frije ferdigener (libero) mei sûnder beheiningen wiksele wurde (hy mei lykwols net opslaan en gjin foarspiler wêze).
- 2 time-outs: elts team hat it rjocht om eltse set twa time-outs te nimmen.
- Skoft: tusken twa sets is der in skoft fan 3 minuten