Kloekswan
From Wikipedy
Kloekswan | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Cygnus cygnus |
De Kloekswan (Cygnus cygnus) is in 140-160 sm grutte fûgel út de famylje fan de Einfûgels. De fûgel is hielendal wyt en liket krekt op de Lytse swan mar is in stik grutter. De kloekswan is likegrut as de Knobbelswan mar is hjir fan te ûnderskieden troch syn giel mei swarte snaffel, en fansels it ûntbrekken fan de knobbel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Kloekswan briedt yn it noarden fan Jeropa, bygelyks yn Finlân en Noard-Ruslân. Syn briedgebied leit krekt súdliker as dat fan de Lytse Swan. De swannen oerwinterje meast yn súdlik Skandinaavje of by de Swarte See. Ek briedt de Kloekswan op Yslân, dizze fûgels oerwinterje yn Grut-Brittanje.
[bewurkje seksje] Iten
Lykas de knobbelswan binne de kloekswannen plante-iters. Se gerskje minder as de knobbelswannen en sykje mear nei wetterplanten.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Kloekswannen bliuwe har hiele libben by deselde partner. It brieden begjint ôfhinklik fan it klimaat yn it briedgebiet yn April of Maaie. It wyfke leit 4-9 aaien dy't nei sa'n moanne brieden útkomme. De jongen kinne mei sa'n 2,5 moanne fleane, mar bliuwe noch de hiele winter by harren âlden.