Leonardo da Vinci
From Wikipedy
Leonardo da Vinci (1452-1519) wie skilder, byldhouwer, arsjitekt, útfiner, filosoof, dichter, natuerkundige, biolooch en gelearde.
De Italjaanske keunstner is foaral bekend wurden troch syn skilderijen en syn tekeningen. Mar ek as wittenskipper hat er fan grut belang west. Als keunstner is hy foaral bekend wurden troch syn bydrage oan de chiaroscuro-technyk en behanneling oer it atmosfearysk perspektyf. Syn talleaze sketsen op it mêd fan bou, wetter en wurktúchboukunde getuge fan in grut ynsicht en in orzjinele oanpak. Mar troch de stân fan de technyk koene in soad ideeën fan Leonardo da Vinci net útfierd wurde.
Leonarda da Vinci is berne op 15 april 1452 as Leonardo dis er piero da Vinci, yn it doarpke Vinci. Vinci leit op it Toskaansk plattelân om Florâns. Leonardo sels ûndertekene syn wurk mei Leonardo of Lo leonarda wat betsjut, 'Ik Leonardo'.
Mem Katerina en heit Piero wienen net troud. Syn heit, Ser Piero da Vinci, wie in 25-jierrige rike grûnbesitter en ambachtsman. Heit Piero hie mem Katerina yn tsjinst. Der wurdt beweard dat se in slaaf fan Piero wie út it Midden Easten. De heit naam de soarch foar it soantsje op him, de mem troude mei in oare man. Leonardo wenne earst by de famylje fan syn mem, mar fan syn fiifde ôf gie hy by syn heit wenjen. Syn heit wie troud mei de 16-jierrige Albiera Amadori. Sy krigen tegearre gjin bern. Dêrom wie Leonardo foar Albiera in echte soan. Leonardo wenne yn in natuerryk gebiet. Leonardo wie dan ek altyd oan it observearjen. En al hiel jong tekene hy wat hy seach. De boeken yn de biblioteek fan syn heit waarden in skoalle-oplieding dy't hy nearne oars krije koe. Nei de dea fan Albiera ferhuze Leonardo mei syn heit nei Florâns. Syn heit troude nei de dea fan Albiera noch trije kear. Hy krige yn totaal 12 bern.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De earste perioade: Florence. (1466 oant 1482)
Op syn 12e jier kaam er mei syn heit yn Florâns te wenjen. Doe wie Florâns in wrâldsintrum fan rykdom, macht, keunst en wittenskip. Hjir soe Leonardo da Vinci útgroeie ta de figuer fan de Renêssânse.
Yn 1466 brocht heit syn soan nei in staazjeplak. Heit wie oertsjûge fan it talint fan syn soan. Hy brocht him by de Florentynse keunstner Andrea del Verrochhio. Yn dat atelier learde Da Vinci skilderjen en om hout, stien en klei te bewurkjen. Ek learde er hoe't er sulver en goud smeie moast. Da Vinci soarge der foar dat hy alle techniken yn'e macht krige. Hy tekene wat hy seach. It is tige wierskynlik dat Da Vinci meiholpen hat oan Verrocchio’s ruterstânbyld fan Colleoni (1483-1488) yn Feneesje. Yn 1472 wurdt Da Vinci eigen baas. Hy slút him oan by it Florentynske skildersgilde, De compagnia di san Luca. Hy hat Verrocchio noch wol inkele jierren holpen en hat ek noch in oantal jierren yn syn hûs wenne.
Omstreeks 1473 skilderet Da Vinci in skilderij wat ûntwurpen is troch Verrocchio. It is de doop fan Kristus. Da Vinci hat besocht om it lânskip wer te jaan as skimerjende mar dochs organyske wrâld. Dit komt elke kear werom yn syn skilderijen. Grutte belangstelling hat Da Vinci foar de minsklike fysiology. Syn bekendste wurk út dizze earste Florentynske perioade (1466 oant 1482) is de ‘Oanbidding fan de trije keningen' makke 1481 oant 1482. Dit grutte skilderij is troch muontsen fan San Donato yn Scopeto besteld. It wurk is noait hielendal ôf komd. Yn 1482 giet Da Vinci nei Milaan om yn tsjinst te gean by hartoch Lodovico il Moro.
[bewurkje seksje] De twadde perioade yn Milaan (1482 oant 1499)
Yn 1482 gie Da Vinci yn tsjinst by Ludovico Sforza, Il Moro. Dit wie de hearsker fan Milaan. Ien fan de belangrykste opdrachten fan Il Moro wie om ruterstânbyld te meitsjen. De heit fan Il Moro moast op it hynder sitte. It byld moast 7 meter heech wurde. It is noait útfierd, it byld hat allinnich bestien as in gipsmodel. Wol hat Da Vinci prachtige tekeningen makke. Dizze tekeningen op út in blauwens skinend papier wurde bewarre yn de Royal Library, Windsor Castle. Syn wurksumheden yn Milaan wie net allinnich skilderjen. Hy hat in soad fedigeningswurken en kriichsmasines ûntwurpen. Dêrneist wie er ek dwaande om brêgen en wetterwurken oan te lizzen. Ek hat er in ûntwerp makke foar de koepel fan de Dom fan Milaan.
Yn Milaan hie Da Vinci ek syn eigen atelier, mei learlingen. De belangrykste skilderijen út dizze perioade binne de “Madonna yn de grot” (1485), it fresko “It leste jûnsmiel” (makke tusken 1495 oant 1498). Dit fresko hat Da Vinci skildere yn de Santa Maria delle Grazie yn Milaan. Op dit fresko is te sjen dat Kristus de wurden útsprekt dat ien fan de learlingen him ferriede sil. De eftergrûn fan Kristus is ljocht en nimt de wurking fan it aureoal oer. Dit fresko spilet in haadrol yn it boek fan Dan Brown, de Da Vinci koade.
Yn dizze perioade ûnstienen skilderijen dy’t kenmerkjend binne foar Da Vinci. It skimerige ljocht, de sêfte en fine foarmjouwing. Dizze manier fan skilderjen wurdt Chiaroscuro of sfumato neamd. Da Vinci hat oantekeningen makke oer ljocht en kleur op skilderijen. Dizze binne letter samle ta in Trattat delle pittura, de earste útjefte is yn 1651 yn Parys útbrocht.
Nei de besetting fan Milaan troch Frânske soldaten (oktober 1499) reizget Da Vinci nei Feneetsje en dêrnei giet er werom nei Florâns.
[bewurkje seksje] Twadde Florentynske perioade.
Yn Florence gie Da Vinci wurkjen as millitêr arsjitekt en yngenieur foar Cesare Borgia. Borgia wie de soan fan Paus Alexander VI en waard ek wol “Duca Valentino” neamd. Da Vinci krige opdracht om yn it Palazzo Vecchi de Slach by Anghiari (1440) te skilderjen. It fresko is noait hielendal ôf kommen. Hoe't it derút sjen moast, kin men ôfliede út de kopyen dy't Peter Paul Rubens (1577-1640) makke hat. Yn 1565 is it hiele fresko fuorthelle troch Giorgia Vasari (1511-1574). Dizze man hat der oerhinne skildere.
[bewurkje seksje] De twadde perioade yn Milaan (1506)
Yn 1506 gie de keunstner werom nei Milaan. Hy kaam yn tsjinst fan de Frânske besetters. Fannijs is er oan de slach gien mei syn ruterstânbyld. Dizze kear ta eare fan maarskalk Giacomo Trivulzio. Ek dizze kear kaam it byld net klear. Yn dizze twadde Milaneeske perioade skilderet Da Vinci de “Sint- Anna’ en de “Johannes de Doper”. Beide binne yn it Louvre yn Parys. In kryttekening dy miskyn in selsportret is, befynt him yn Turijn.
[bewurkje seksje] De perioade yn Rome
Yn septimber 1512 ferlitte de Frânsen Milaan. Datselde jier giet Da Vinci mei fjouwer learlingen nei Rome ta. Hjir wie hy inkele jierren yn tsjinst by Giuliano de Medici, in broer fan paus Leo X. Da Vinci hie yn Rome net in hiel soad te dwaan. Mar yn dizze perioade hat er de wrâldferneamde tekeningen makke fan de sûndfloed. Dizze tekeningen binne no te sjen yn it kastiel Windsor yn Ingelân. Hy hat trije jier yn Rome west. Doe werovere de Frânske kening Frans I Milaan. Dêrop gie Da Vinci werom nei Milaan. Hy krige fan Frans I wenromte yn it lânhûs Cloux ( No wurdt it Clos- Luce neamd). Hy gie der net allinnich wenjen. Hy wenne tegearre mei syn freonen Melzi en Salai.
Leonardo Da Vinci stjert yn Frankryk op twa maaie 1519 yn syn hûs. Hy leit begroeven yn de kapel fan St. Hubertus yn it kastiel fan Amboise. Da Vinci leit allinnich yn syn grêf. Hy hat noait troud west. It skynt sels dat hy noait in yntime relaasje hân hat mei in frou. Yn 1476 is hy anonym beskuldige fan homoseksuele kontakten mei in 17-jierrich model. Dit model wie prostituee mei de namme Jacopa Saltarelli. Tegearre mei trije oaren waard Da Vinci by gebrek oan bewiis frijsprutsen.
[bewurkje seksje] Da Vinci nei syn dea oant no.
De Mona Lisa. De Mona Lisa is it ferneamdste skilderij dat Da Vinci makke hat. It is in lyts skilderij dat allinnich troch in dikke glêslaach te sjen is yn it Louvre yn Parys. It skilderij is sa ferneamd troch it mysterieuze antlit fan de frou dy’t skildere is. De eftergrûn fan it skilderij is ek mei ljocht en donker effekten. Dit wurdt Chiraoscuro neamd.
[bewurkje seksje] Leonardo da Vinci as útfiner.
As gelearde hat Da Vinci him ûnder oare dwaande hâlden mei wiskunde en natuerkunde. Hy ûntwurp wurktugen as hefbeammen, geskut en muzykynstruminten. Hy observearre fûgels en kaam sa ta in ûntwerp. Hy bestudearre de minsklike anatomy en geologyske ferskynsels. Dit alles hat resultearre yn in enoarme bulte mei sketsen. Syn belangrykste útfining is de skutslûs mei puntdoar. Dizze útfining wurdt no noch tapast.
Ek syn militêre útfiningen wienen talryk. Sa ûntwikkele hy in soarte masinegewear, wêr't streamlijnde kûgels ynsieten ynstee fan rûne kûgels. Ek ûntwurp hy in bolfoarmige dûkboat dêr't ien man yn sitte koe. De measte ûntwerpen binne noait útfierd. Faak wienen de ideeën sa fier harren tiid dat it gewoanwei noch net koe.
Da Vinci hat de minsklike anatomy bestudearre. Hy die dit troch seksje te dwaan op liken, dit wienen liken fan bisten en fan minsken. Syn waarnimmings resultearren yn tige detailearde tekeningen fan it skelet, de spieren en bloedfetstelsel. By it fergelykjen fan bloedfetten by in âlde man en by in jonkje fan twa, ûntduts hy arteriosclerose, de fernauwing fan de bloedfetten. Nei in seksje fan in swangere frou beskreaun Da Vinci as earste de lizzing fan in foetus yn de liifmoer.
Nei oanlieding fan de seksjes tekenet Da Vinci it idéale minsklike lichem basearre op in pentagoan mei de ferhâlding 1:1,618. Dizze tekening wurdt de Vitruviusman neamd.