Skiednis
From Wikipedy
De skiednis is it gehiel fan al wat bard is yn it ferline fan de minsk, en ek de stúdzje dêrfan. Alhoewol't it in brede definysje dy't faak klassifisearre wurdt mei Minskdom of de Sosjale wittenskip, it kin sjoen wurde as in ferbining tusken beide, mei besibbe metodyk út beide stúdzjefjilden. It is in stúdzjefjild op himsels, mei ferskate ûnder te ferdiele oare fjilden lykas gronology, histoarygrafy, genealogy, palaugrafy en kliometryk. Tradisjoneel besykje histoarikussen antwurden te krijen troch it bestudearjen fan skreaune dokuminten, mar is lykwols net beheind ta dizze boarnen. Yn it generaal skifket men histoarysk ûndersyk yn trije kategoryen: Wat skreaune is, wat sein is, en stúdzje nei fysyk materiaal, histoarikussen hâlde har meastentyds mei alle trije dwaande. Histoarikussen lizze gauris de klam op skreaune gegevens, hokker universeel ferwize nei de ûntwikkeling fan it skriuwen. Sa is men ta it begryp prehistoarje kaam, ferwyzjend nei in tiid dêr't gjin skreaune boarnen fan binne. It skriuwen is op meardere geografyske lokaasjes begûn yn oare tiidrekken, dat it is dreech te sizzen wêr de ein fan de prehistoarje leit.
It sjen nei de skiednis fan it minskdom liede akademisy ta it partsjen fan tiid yn wurkbere stikken foar harren stúdzje. Der is in fariaasje fan manieren dy't mei skiednis yn tiid partsjen wurde kinne, gronologysk, kultureel, en by ûnderwerp. Dizze trije wizen binne net oeral krekt sa'n brûkme, en der is faak in nuvere oerlapping oanwêzich, lykas by "de Argenetynske Arbeid Beweging yn in tiidrek fan transysje, 1930–1945". It is mooglik dat histoarikussen harsels hiel spesifyk of krekt hiel algemien dwaande hâlde mei ferskate lokaasjes, tiden, en ûnderwerpen, alhoewol't eltsenien nei perfeksje stribbet. Foar oaren is skiednis in "algemien" begryp dy't "alles" wat mei it ferline te krijen hat omfiemje kin. Eartiids hawwe histoarikussen stúdzjes dien mei in praktysk of teoretysk doel, mar der wurd no ek stúdzje dien inkeld om de yntellektuele nijsgjirrigens.