Stokholm
From Wikipedy
Stokholm is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.
Stokholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan it Mälarmar útkomt by de de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee. De stêd leit op de koördinaten 59° 20' N - 18° 3' E.
Stokholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himself. De stêd is it sentrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stokholm is de sit fan it regear fan Sweden, en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf