Eric Clapton
From Wikipedy
Eric Clapton, folút Eric Patrick Clapton, berne te Ripley yn Ingelân op 30 maart 1945, is in Britske gitarist, mei as bynamme Slowhand. Hy learde al op jonge leeftyd gitaar spyljen en yn syn jonge jierren lústere hy in soad nei bluesartysten wêrfan Robert Johnson him it leafst wie.
Clapton makke foar it earst namme as lid fan in troch pop beynfloede rock and rol band mei de namme Yardbirds dat yn 1064 mei "For your Love" in hit skoarde. Hy woe lykwols werom nei de blues. Mei de Yardbirds sette hy de earste stap troch yn 1965 opnames te meitsjen mei Sonny Boy Williams. Yn datselde jier waard hy tegearre mei John Mayall lid fan de Bluesbreakers.
Yn 1966 ferliet hy de band om't Clapton it tradisjonele blueskonsept fan Mayall te benearjend fûn. De band Cream wie syn nije muzikale ûnderkommen. Alhoewol Jack Bruce dêr de measte sjongpartijen foar syn rekken naam, ûntwikkele Clapton him dêr ek as sjonger. Op it lêste album fan Cream, "Goodbye" dat yn 1968 útkaam, stiet it nûmer "Badge" dat Clapton tegearre mei George Harrison fan The Beatles makke hie. De freonskip tusken dy twa makke dat Clapton syn gitaarspul te hearren is yn it nûmer "While my guitar gently weeps" op it "White Album" fan de The Beatles. De freonskip tusken de twa bekuolle doe't Harrison syn frou, Patti Boyd, him ferliet foar Clapton. Yn de maaitiid fan 2005 kamen de âlde leden fan Cream, Clapton, Bruce en Ginger Baker wer byinoar foar in searje optredens yn de Feriene Steaten.
Nei spile te hawwen yn ûnder oaren Blind Faith en Delaney & Bonnie & Friends, naam Clapton in solo-album op. Mei de studio-artysten fan dat solo album en firtuoas op de slidegitaar Duanne Allman brocht er as "Derek and the Dominos" it album Layla and Other Assorted Love Songs út. It titelnûmer fan it album is noch altyd ien de meast spile rocknûmers. Op it sterk troch blues beynfloede album foel benammen de gouden kombinaasje fan it gitaarspul fan Allman en Clapton op.
Clapton hie al muzikaal sukses, mar syn persoanlike libben wie in gaos. Hy gie heroïne-ferslave troch it libben. It soe oant 1974 duorje foar't Clapton, wer suver frij fan syn ferslaving, in nij album, 461 Ocean Boulevard, útbrocht. De hit "I Shot the Sheriff" makke reggae populêr by in grutter publyk.
Oan it ein fan 70-er jierren hie Clapton muoite om oansluting te finen by de destiidse popmuzyk. Hy rekke oan de drank en moast dêrfoar opnommen wurde. Hy pakt it meitsjen fan albums wer op, wêrby't Clapton muzikaal sjoen geandewei wer tichter by de blues komt.
Yn it begjin fan de 90-er jierren slacht it needlot ta. Op 27 augustus 1990 komt, tusken twa konserten gitarist Stevie Ray Vaughan tegearre mei twa leden fan syn 'crew' om by in helikopter-ûngemak. Op 20 maart 1991 komt Clapton syn 4-jierrich soantsje Conor om troch in fal út in raam. Yn "Tears In Heaven" klinkt it fertriet fan Clapton oer dizze foarfallen troch.
Clapton wûn ferskate kearen in Grammy Award, û.o. mei it album "Unplugged". Yn de lette 90-er jierren wurke Clapton fierder noch mei mannen as Carlos Santana en B.B. King. Yn 2004 brocht Eric Clapton mei it album "Me and Mr. Johnson" in oade oan syn âlde ynspirator Robert Johnson.
[bewurkje seksje] Diskografy
- 1970 Self-Titled
- 1970 Layla and Other Assorted Love Songs (as Derek and the Dominoes)
- 1973 Live at the Fillmore (as Derek and the Dominoes) (Live 1970)
- 1973 Eric Clapton's Rainbow Concert (Live 1972)
- 1974 461 Ocean Boulevard
- 1975 There's One In Every Crowd
- 1975 E.C. Was Here (Live 1975)
- 1976 No Reason To Cry
- 1977 Slowhand
- 1978 Backless
- 1980 Just One Night (Live 1979, Double Disc Set)
- 1981 Another Ticket
- 1982 Time Pieces: Best Of Eric Clapton (1969-1979)
- 1983 Money And Cigarettes
- 1984 Too Much Monkey Business
- 1985 Behind The Sun
- 1986 August
- 1988 Crossroads (Box Set)
- 1989 Homeboy
- 1989 Journeyman
- 1990 The Layla Sessions (as Derek and the Dominoes) (20th Anniversary Edition, Box Set)
- 1991 24 Nights (Live 1990)
- 1992 Rush
- 1992 Unplugged (Live 1991)
- 1994 From The Cradle
- 1995 The Cream Of Clapton (Live)
- 1996 Crossroads 2: Live In The Seventies (Live from 1974 to 1978, Quadruple CD Set)
- 1998 Pilgrim
- 1999 The Blues (Dûbel CD)
- 2000 Riding With The King (mei B.B. King)
- 2001 Reptile
- 2002 One More Car, One More Rider (Live 2001)
- 2004 Me and Mr. Johnson
[bewurkje seksje] Single Diskografy
- 1970 After Midnight
- 1974 I Shot The Sheriff
- 1974 Willie And The Hand Jive
- 1976 Hello Old Friend
- 1978 Lay Down Sally
- 1978 Wonderful Tonight
- 1978 Promises
- 1979 Watch Out For Lucy
- 1980 Tulsa Time
- 1980 Cocaine
- 1981 I Can't Stand It
- 1983 I've Got A Rock N' Roll Heart
- 1985 Forever Man
- 1990 Bad Love
- 1992 Tears In Heaven
- 1995 Love Can Build A Bridge
- 1996 Change The World