New Immissions/Updates:
boundless - educate - edutalab - empatico - es-ebooks - es16 - fr16 - fsfiles - hesperian - solidaria - wikipediaforschools
- wikipediaforschoolses - wikipediaforschoolsfr - wikipediaforschoolspt - worldmap -

See also: Liber Liber - Libro Parlato - Liber Musica  - Manuzio -  Liber Liber ISO Files - Alphabetical Order - Multivolume ZIP Complete Archive - PDF Files - OGG Music Files -

PROJECT GUTENBERG HTML: Volume I - Volume II - Volume III - Volume IV - Volume V - Volume VI - Volume VII - Volume VIII - Volume IX

Ascolta ""Volevo solo fare un audiolibro"" su Spreaker.
CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
The Beatles - Wikipedy

The Beatles

From Wikipedy

De Beatles wienen in popgroep út Liverpool. Se wurde beskôge as de meast ynfloedrykste band út de skiednis.

De moeting tusken John Lennon en Paul McCartney op 6 july 1957 wurdt beskôge as it begjin fan de meast sukses folle popgroep oait. John Lennon (16) spilet mei de troch him oprjochte band de Quarry man op in festival yn Woolton, Liverpool, wer Paul McCartney (15) nei komt sjen. Paul sjongt en spilet in soart ferskes en hy kin in gitaar stimme. Hy wurdt by de groep frege. In heal jier letter op 6 febrewaris 1958 noadicht Paul syn freon George Harrison út, hy kin noch better gitaar spylje. Se krije op it poadium de nedige ûnderfining as Johnny and the Moondogs. Stuart Sutcliff dy’t basgitaar spilet komt mei de namme: The Beetles. John stelt foar om fan de ee in ea te meitsjen. Dit slacht dan op beat Muzyk. Sa is de band en de namme berne.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De opkomst fan de Beatles

Yn 1960 krijt de Beatles noch in nij lid. Drummer Pete Best heart er no ek by. Se meitsje harren earste toernee troch Skotlân. De groep krijt yn 1960 danksy de manager Allan Williams in searje optredens yn Hamburch. Fjouwer dagen foardat se nei Dútslân gean docht Pete Best in audysje. Fan dy tiid of is hy de drummer. De Beatles spylje in oantal moannen yn ferskillende gelegenheden yn Dútslân. Stuart Sutcliffe krijt in relaasje mei Astrid Kirchherr, in fotograaf. Sy heart by in groepke keunstners wer ûnder oare Klaus Voormann ek yn sit. Sy drage it hier in it page model. Sy knipt Stuart syn hier ek sa. Astrid krijt de oare bandleden ek sa fier om ek it hier sa dragen te gean. Drank en peppillen hâlde de muzikanten oer ein. Se wurden yn in pear moannen tiid omfoarme fan amateurs nei profesjonele showminsken. Yn desimber giet it mis. George Harrison moat út de klup wêr se altyd optrede omdat er sa jong is. Paul McCartney en Pete Best moatte op beskuldiging fan brânstifting Dútslân ferlite. De groep giet hast útelkoar.

Dochs gean de Beatles troch. Yn jannewaris meie de Beatles optreden yn Liverpool. In freon fan Pete Best, Neil Aspinall wurdt harren roadmanager en sjauffeur fan harren buske. Nei in oantal optredens gean se wer werom nei Dútslân. Se treden op yn Hamburch yn de Top Ten Klup. De dutse producer Bert Kaempfer hiert de Beatles yn as begeliedingsgroep fan de sanger Tony Sheridan. As de Beat Brothers nimme se acht nûmers op. Yn Dútslân ferskynt it alderearste Beatles singeltsje fan de wrâld. Mei de nûmers ‘my bonnie’ en ‘when de saints’. De groep giet yn juny werom nei Ingelân. Stuart Sutcliff beslut om te bliuwen. Paul McCartney giet no de basgitaar bespyljen. De Beatles meie werom komme yn Liverpool. Der wurde se steats ferneamder. Op 31 augustus 1961 wurd in Beatles fanklub oprjochten. Brian Epstein wurdt letter yn it jier harren nije manager. Hy komt by de Beatles troch it plaatsje wat is útbrocht yn Dútslân.

[bewurkje seksje] Ferneamd wurde

Paul McCartney
Paul McCartney

Op 1 jannewaris 1962 dogge de Beatles in audysje foar it Decca label. Mar se krije as kommentaar dat in groepen mei gitaren gjin takomst sit. Yn april gean de Beatles foar in tredde searje optredens foar twa moannen nei Hamburch. Der oankommen hearre se it berjocht dat harren âlde freon Stuart Sutcliffe dea gong is oan in harsenblieding. De groep is er kapot fan.

Op 6 juny dogge de Beatles audysje foar George Martin, in platenproduser. Dizze wol it mei de groep probeare ûnder ien betingst. Pete Best moat de groep ferlitte. Hy kin gjin maat hâlde neffens George Martin. De groep akseptearet. De nije drummer is Ringo Starr (echte namme: Richart Starkey). De Beatles binne no kompleet. Op 23 augustus trout John Lennon mei syn freondinne Cynthia Powell dy't yn ferwachting is. De earste singel komt út op 5 oktober 1962. Yn Ingelân ferskynt it ferske nei trije wiken yn de hitparade. It ferske hjit: ‘Love me do’. Se komme foar it earst op televyzje op 7 novimber by Granada Televyzje. It jier wurdt ôfsletten mei in searje optredens yn de star klup yn Hambuch.


[bewurkje seksje] De earste nummer 1 hit

Nei in toernee troch Skotlân yn de earste wike fan 1963 komt op 11 jannewaris de twadde singel út: ‘Please please me’. It wurdt de earste nûmer 1 hit foar de Beatles yn Ingelân. Op 2 febrewaris begjinne de Beatles mei hun earste grutte toernee troch Ingelân, yn it foarprogramma fan sjongeres Helen Shapiro. Dan is it tiid foar de earste Elpee. Op 11 febrewaris wurdt it nûmer 'Please please me' opnaam yn 1 dei. Op 7 maart 1963 komt de earste Beatles elpee út yn Ingelân. Der sil de plaat seis moannen nûmer ien stean. Yn april komt de tredde singel út: ‘from me to you’. Ek dizze singel komt op nûmer ien. De Beatles krije steats mear belangstelling fan de parse. Mar ek oars om is er belangstelling. Paul McCartney wurdt ynterviewe troch Jane Asher, de fonk slacht oer en se binne jierren lang ferloofden. De Beatles begjinne healwei maaie oan in toernee troch Ingelân. Dit dogge se tegearre mei Roy Orbinson en Gerry and the Pacemakers. Op 23 augustus komt de singel ‘she loves you’ út. Dit wurdt in grutte hit yn hiel Europa. Dan giet it hurd mei de Beatles. Se wurde hieltyd ferneamder. Se trede op 4 novimber op foar de queen- mother yn it Prince of Wales teater yn Linder. John Lennon hellet alle kranten mei syn opmerking: “De minsken mei de goedkeape plakken meie mei klappe, de rest rinkelt gewoan mei harren juwielen“. Op de dei dat Presidint John F. Kennedy fermoarde wurdt komt yn Ingelân de twadde Beatles elpee út mei de namme ‘with the Beatles‘. Manager Brian Epstein slút in kontrakt of mei Capitol Records, dat de Beatles platen út giet jaan yn de feriene steaten. De groep beslút sels pas nei de feriene steaten te gean as se nûmer 1 stean.

[bewurkje seksje] De feriene steaten en de rest fan de wrâld

De gitaren fan Paul McCartney en George Harrison
De gitaren fan Paul McCartney en George Harrison

De singel ‘i want to hold your hand’ komt yn jannewaris 1964 yn de Amerikaanske top 100 binnen. In wike letter stiet it nûmer op 1. De groep giet sa snel mooglik nei de Feriene Steaten. De oankomst is oerweldigjend. Twa dagen letter treden se op yn de Ed Sullivan show. Dizze show wurdt troch it hiele lân útstjoerd. Der sjogge dan ek 74 miljoen minsken. Yn de earste wike fan april skriuwt de band skiednis. De earste fiif plakken yn de Amerikaanske top 100 wurde ynnaam troch de Beatles. Dit is noch nea wer foarkaam. Yn juny begjint in echte wrâld toernee mei konserten yn Denemark, Hongkong en Austraalje. Ek komme de Beatles nei Nederlân. Flak foar de toernee stoart Ringo Starr yn. Hy wurdt ferfong troch Jimmy Nicol. Op 6 july komt de film “a hard day’s night“ út. Hjir spylje de bandleden in rol yn.

[bewurkje seksje] It hichtepunt

Op 11 febrewaris trout Ringo Starr mei Maureen cox. In wike letter begjint de band mei opnames foar in neie film. Dizze opnames duorje oant healwei maaie. De groep filmet yn Tirol en op de Bahama’s. Yn july komt de film út mei de namme Help. Ek komt de fiifde elpee ‘Help’ út. Nei in koarte toernee troch Europa giet de band nei de Feriene Steaten. Der jouwe se in oantal ferneamde konserten lykas it Shea Stadium konsert. Er komme mear dan 56000 minsken te sjen. In moanne letter start der in tekenfilmsearje op televyzje baseare op de muzyk fan de Beatles. Yn Ingelân krije de Beatles op Buckingham Palace in keninklike ûnderskieding : Member of the Most Excellent Order of the British Empire (MBE).

George Harrison trout op 21 jannewaris 1966 mei Patti Boyd, dy hy twa jier earder hie moeten. De single ‘michelle’ wurdt yn de hiele wrâld in hit. Op 1 maaie jouwe de Beatles harren lêste live konsert yn Ingelân. Yn de feriene steaten komt in sammelelpee út. Op de hoes stean de Beatles yn slachtersjassen mei stikken fleis en poppen sûnder hollen. De hoes wurdt al hiel snel ferfong. Er komme hjir en der mear protesten. Bygelyks op De Filipinen. De Beatles wurde hertlik wolkom hjitten yn Manilla mar as in dei letter blykt dat de band in útnoeging foar de lunch fan Imelda Marcos negeare hat wurde se hast letterlik it lân út slein. Mar de grutste flater moat noch makke wurde. Op 31 july stiet yn in Amerikaansk blêd in ynterview mei John Lennon. Yn dat ynterview seit hy dat de Beatles op dit momint populêrder binne as Jezus Kristus. De Amerikanen binne poer. Oeral fine Beatles platen ferbrâningen plak en in soad radiostasjons ferbiede de Beatles platen. Heal augustus gean se dochs nei Amearika ta. Dit soe harren lêste toernee wurde. By oankomst jout John Lennon in parseferklearing ôf. Hy seit deryn dat de útspraken net sa bedoelt wienen. Op 26 augustus 1966 wurdt yn it Candlestick Park yn San Francisco it lêste optreden jûn. De band hat hiele oare muzikale ideeën krigen. Dizze ideeën kinne net útfierd wurde op in poadium. De band hâld himsels no allinnich noch mar dwaande mei it opnimmen fan platen.

John Lennon mei Yoko Ono
John Lennon mei Yoko Ono

[bewurkje seksje] It begjin fan it ein.

Heal febrewaris 1967 komt as foarpriuwke de singel ‘Penny Lane’ ut. De groep is moannenlang yn de studio’s fan Abbey Road yn Londen oan it opnimmen. As de plaat klear is, wurdt de wrâld er troch ferbjustere. Mear en mear wurde de Beatles der fan fertocht dat se drugs brûke, se jouwe dit sels ek ta. As reaksje derop boycot de BBC de singels ‘A day in the life’ en ‘Lucy in the Sky with Diamonds’. Dit fanwege de begjinletters. In primeur fint plak op 25 juny, wannear se de singel ‘All you need is love’ yn in televyzje programma wrâldwiid presintearjee. Op it hichtepunt fan harren rom, slacht it needlot ta. Under in meditaasjewykein yn Wales, by de Yndiaaske Goeroe Maharishi Mahesh yogi, krije se te hearen dat manager Brian Epstein dea yn syn flat fûn is. Syn dea is in gefolch fan te folle sliepmiddels mei in kombinaasje fan alkohol. Paul McCartney wit de oaren te oertsjûgjen om sa snel mooglik wer oan it wurk te gean om sa snel mooglik oer it ferlies hinne te kommen. Hy komt mei in idee om in televyzje film te meitsjen mei de namme Magical Mystery tour. Se gean mei de bus troch hiel Ingelân hinne en tuskentroch nimme se yn de studio de ferskes op dy der by hearre. Op twadde krystdei stjoert de BBC de film út. De parse lit de folgjende dei neat heel fan de film. De band giet foar trije moannen nei Rishikesh yn Yndia om harsels yn it haadkertier fan de Maharishi fjirder te ferdjipjen yn meditaasjetechniken. Ringo Starr hâld er nei in pear wiken wer mei op krekt as Paul McCartney. Yn maart skoart de groep in nûmer 1 hit my ‘Lady Maddonna” en letter my ‘Hey Jude”.

De Beatles falle steats mear útelkoar. Under it opnimmen fan de nijste Elpee hat Paul McCartney himsels opsteld as lieder fan de groep. Hjirmei kaam er tsjin it seare fan John Lennon as oprjochter fan de band. John Lennon sleepte syn nije leafde oeral mei hinne. De Japanske Yoko Ono gie sels mei yn de studio’s. Dat wurde net troch alle oare bandleden weardearre. Der komt dan ek rûzje. Ringo Starr ferlit lilk de studio. In pear dagen letter wurdt de rûzje wer bylein. John en Yoko bliuwe yn it nijs kommen. Se wurde troch de plysje oppakt omdat se hennep by harren hawwe. Mar it meast skokkende foar dy tiid wie de nije hoes fan de elpee, fan de twa. Se stienen neaken op de foarkant.

Paul McCartney liet himsels net kinne en woe graach oan it wurk. Hy woe wer optrede. Hy hie as idee dat er kameras en bandrekorders mei sjen moasten by de tariedings. Dit wie efternei gjin goed idee. Op de ban stiet hoe de spanning te snijen is. En er is in soart rûzje foaral tusken George Harrison en Paul McCartney. Mar troch de muzikale en mentale steun fan Billy Preston komt it dochs noch ta in optreden, 30 jannewaris 1969 op it dak fan it Apple gebou. Dernei gean de Beatles harren eigen paad. Ringo Star spilet yn in film, Paul trout mei Linda Eastman, John en Yoko trouwe op 20 maart. Under harren houwelik reis dogge se ek Amsterdam oan. Der hâlde se harren ‘Bed Peace’ aksje yn it Hilton hotel. Se lizze in wike yn bêd as in fredesdemonstraasje. Ûndertusken bliuwt de Beatles muzyk skoare mei de singel ‘Get Back’.

De Beatles komme noch ien kear byelkoar. Se wolle noch ien kear in plaat útbringe. Dy komt ein septimber út mei de namme ‘Abbey Road’. De plaat einiget mei it ferske ‘the End’. John Lennon kundicht yntern oan dat er wol stopje. Mar it neis wurdt stilhâlden. Yn septimber 1969 hawwe se noch 1 fotosesje hân. Dernei is de groep nea wer tegearre sjoen.

George Harrison
George Harrison

[bewurkje seksje] It einde fan de band

De Beatles gean harren eigen paad. Ringo starr jout syn earste solo elpee út. Paul McCartney begjint syn eigen muzykproduksje maatskippij en bring syn earste solo elpee út. Yn de hoes sit in sels ôfnommen ynterview wêryn hy seit dat de Beatles útelkoar binne. Paul: ‘I didn't leave the Beatles. The Beatles have left The Beatles, but no one wants to be the first to admit it’.

[bewurkje seksje] Wat barde der fjirder

Yn de jierren santich wurdt meardere kearen besocht om de groep wer byelkoar te krijen. Mar echt slagje wol dit net. It hâld hielendal op as John Lennon fermoarde wurdt troch Mark Davids Chapman op 8 desimber 1980 foar syn hûs. Op 29 novimber 2001 stjert George Harrison oan de gefolgen fan kanker.

Yn novimber 2003 bringe de twa oerbliuwende Beatles, Ringo Starr en Paul McCartney, it album ‘let it be…naked’ út. It is in remake fan it âlde album.

Paul McCartney is op dit momint yn in skieding mei Heather Mils.

[bewurkje seksje] Diskografy

[bewurkje seksje] Album

Albums mei in hitnotearing yn de Nederlânske album top 20/50/100
Titel Datum fan
release
Datum fan
binnenkomst
 Heagste 
posysje
 oantal 
wiken
 Opmerkingen 
Please please me 1963
With the Beatles 1963
The Beatles'First featuring Tony Sheridan (opgenomen in 1961, als begeleidingsband) 1964
A Hard Day's Night 1964
Beatles for Sale 1964
Help! 1965
Rubber soul 1965
Revolver 1966
A collection of Beatles oldies (compilatie) 1966
Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band 1967 20-6-1987 15 17
Magical mystery tour 1967
The Beatles (ook The White Album) 1968
Yellow Submarine 1969
Abbey Road 1969 6-12-1969 1 16
Let It Be 1970 6-7-1970 3 12
The Beatles 1962-1966 (compilatie) 1973 19-5-1973 2 76
The Beatles 1967-1970 (compilatie) 1973 19-5-1973 3 79
Rock and roll music 26-6-1976 8 14
Live! At the Star Club in Hamburg, Germany 1962 (concertregistratie) 1977
The Beatles at The Hollywood Bowl (concertregistratie) 1977
Hey Jude (compilatie) 1979
Reel music 24-4-1982 37 5
The Complete Silver Beatles (Decca auditie) 1982
Past masters (compilatie) 1988 26-3-1988 29 5
Live at the BBC (radioregistratie) 1994 10-12-1994 3 16
Anthology 1 1995 2-12-1995 2 14
Anthology 2 1996 30-3-1996 5 10
Anthology 3 1996 9-11-1996 9 9
Yellow submarine soundtrack 1999 25-9-1999 45 3
1 (compilatie) 2000 25-11-2000 1 53
Let It Be...Naked 2003 29-11-2003 8 10
Love 2006 25-11-2006 *4 *1

[bewurkje seksje] Singels

Singles mei in hitnoteringen yn de Nederlânske Top 40
Titel Datum fan
release
Datum fan
binnenkomst
 heechste 
posysje
 Oantal 
wiken
 Opmerkingen 
Pré-Top 40
She loves you 14-12-1963 7 10
I want to hold your hand 4-1-1964 1 28
From me to you 1-2-1964 28 8
Please please me/Love me do 1-2-1964 27 4
Twist and shout 1-2-1964 9 15
She loves you 8-2-1964 9 1
Money 4-4-1964 29 4
Can't buy me love 11-4-1964 1 23
All my loving 30-5-1964 2 20
Twist and shout 4-7-1964 9 1
A hard day's night 11-7-1964 1 20
Long tall Sally 11-7-1964 1 16
Roll over Beethoven 25-4-1964 38 10
I should have known better 5-9-1964 1 17
And I love her / If I fell 10-10-1964 3 12
Matchbox / I saw her standing there 28-11-1964 35 2
I feel fine 5-12-1964 1 4
Top 40
I should have known better 2-1-1965 40 1
If I fell 2-1-1965 21 3
I feel fine 2-1-1965 1 16
Eight days a week / Baby's in black 20-2-1965 2 17
Rock and roll music / No reply 27-3-1965 1 21
Ticket to ride 24-4-1965 1 18
Help! 31-7-1965 1 24
Yesterday 30-10-1965 1 19
We can work it out / Daytripper 25-12-1965 1 14
Michelle 22-1-1966 1 16 Met Overlanders
Bad boy 21-5-1966 32 5
Paperback writer 25-6-1966 1 9
Yellow submarine / Eleanor Rigby 20-8-1966 1 14
Penny Lane / Strawberry fields forever 25-2-1967 1 13
All you need is love 15-7-1967 1 13
Hello goodbye 2-12-1967 1 13
Magical mystery tour (EP) 16-12-1967 3 11
Lady Madonna 23-3-1968 3 9
Hey Jude 14-9-1968 1 14
Ob la di ob la da 25-1-1969 5 9
Get back 26-4-1969 1 10
Ballad of John and Yoko 14-6-1969 1 10
Come together 25-10-1969 4 7
Let it be 14-3-1970 1 9
The long and winding road 4-7-1970 9 5
All together now 12-2-1972 19 6
Hey Jude 10-6-1972 tip
A hard day's night 16-3-1974 tip
Hey Jude 15-5-1976 20 7
Yesterday 19-6-1976 25 4
The Beatles movie medley 24-7-1982 35 3
Love me do 23-10-1982 tip
Baby it's you / I'll follow the sun 8-4-1995 tip
Free as a bird 16-12-1995 10 5
Real love 23-3-1996 20 3

[bewurkje seksje] Films

  • A Hard Day's Night (1964)
  • Help (1965)
  • Magical Mystery Tour (1967)
  • Yellow Submarine (1968)
  • Let it Be (1970)
  • The Beatles Anthology (1996)

[bewurkje seksje] Boeken

  • John Lennon, In his Own Write (1964),
  • John Lennon, A Spaniard in the Works (1965)
  • George Harrison, I Me Mine (1980)
  • The Beatles, Anthology (2000)

[bewurkje seksje] Grammy Awards

  • 1964 Best New Artist Of 1964
  • 1964 Best Performance By A Vocal Group (A Hard Day's Night)
  • 1967 Best Contemporary Album (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1967 Album Of The Year (Sgt. Pepper's Lonely Hearts Club Band)
  • 1996 Best Music Video, Long Form (The Beatles Anthology)
  • 1996 Best Music Video, Short Form (Free As A Bird)
  • 1996 Best Pop Performance By A Duo Or Group With Vocal (Free As A Bird)

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu