Honorius
From Wikipedy
Flavius Honorius (384 - 423) wie Romeinske keizer fan 393 oant 423, en de jongere soan fan Theodosius I en de broer fan Arkadius, dy't keizer fan it easten waard. Nei de dea fan Theodosius yn 395 wie it Romeinske Ryk foar altiten yn twaën splitst.
[bewurkje seksje] Skiednis
Honorius wie noch mar in jonge fan 12 jier doe't hy ta keizer beneamd waard. Twa jier letter moast hy trouwe mei Maria, de dochter fan syn regint Flavius Stilicho. Letter (yn 408) soe hy op'e nei trouwe, no mei Thermantia, in oare dochter fan Stilicho. Syn regint hie tidens syn regear in soad te dwaan mei ynfallende Germaanske stammen. Benammen Itaalje waard hieltyd bedrige troch de Fisigoaten ûnder lieding fan kening Alarik en oare folken. Stilicho hie net genôach troepen om Itaalje goed te beskermen en ûntluts in soad soldaten út de provinsjes Galje en Brittanje wêrtroch de Ryn-grins net mear goed beweitsje wie. Op it ein fan 406 soe dat der ta liede dat by Mainz in alliânsje fan Germaanske folken de Ryn passearje koe en Galje yntrekke.
Yn 408 besleat Honorius syn boppebefelhawwer Stilicho op beskuldiging fan heegferried út de wei te romjen. Mar dêrtroch ferswakke hy syn posysje en dy fan it Romeinske ryk, want Stilicho wie wol kundich. De Fisigoaten krigen frij spul en koene de haadstêd Rome yn 410 oermasterje en plonderje. Syn nije magister militum soe lang om let Constantius III wurde, dy't letter as ko-keizer mei him de troan diele soe. Constantius III die syn best om de skade te beheinen, mar sa't letter bliken die, net genôch. De tsjinkeizer Constantijn III waard ferslein en ek noch in oare usurpator Heraclianus en mei ynfallen fan folken as de Bourgonden, Fandalen, Sueben en Alanen waarden bûnmaatskippen sletten. Mar mei de Fisigoaten hienen sy in grut probleem. Dy hiene nammentlik har eigen ryk stifte yn Súd-Galje mei Priscus Attalus as keizer. Sy hiene in healsuster fan Honorius Galla Placidia finzen nommen en twongen ta in houlik mei harren kening Athaulf. Mar nei syn dea yn 415 koenen de Romeinen in ferdrach slute en kaam Galla Placidia frij. Sy soe letter trouwe mei Constantius III en him in soan jaan dy't keizer Honorius syn opfolger wurde soe: Valentinianus III. Constantius stoar yn 421 en Honorius krige problemen mei syn healsuster. Sy flechtte mei har soan nei Konstantinopel.
Honorius stoar berneleas yn 423. Oant syn opfolger beneamd waard, syn primicerius notariorum Johannes. Mar dy soe ferdreaun wurde troch de eastlike troepen yn 425, wêrnei Valentinianus III keizer fan it westen waard.