Readboarstke
From Wikipedy
Readboarstke | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Erithacus rubecula |
It Readboarstke (Erithacus rubecula) is in sjongfûgel út de famylje fan de miggesnappers (Muscicapidae). Troch syn oranje boarst en om't er in protte de túnen fan de minsken opsiket is it ien fan fûgels dy't eltsenien wol kin.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare nammen
It Readboarstke wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei Readboarstje as Readbarkje.
[bewurkje seksje] Foarkommen
It meast opfallend is fansels de oranje boarst, kiel en ek foarholle. De fearren oan de boppekant binne brún. De búk hat in ljochtgrize kleur. It Readboarstke is sa'n 14 sm grut en waget 10 oan't 21,5 gram. It mantsje en wyfke hawwe deselde kleur, de jongen binne minder opfallend. Sy hawwe noch net de oranje kleur en binne brún mei ljochtbrune flekken.
[bewurkje seksje] Fersprieding
It Readboarstke komt yn hiel Jeropa foar. In part fan de Readboarstkes is trekfûgel, foaral de fûgels yn Skandinaavje en Rúslân fleane winterdeis nei West-Jeropa. Se fiele harren thús yn bosken, hagen en túnen mei in protte grien.
[bewurkje seksje] Iten
It Readboarstke yt it meast wjirms, ynsekten en slakken dy't se op de grûn fange. Yn de hjerst ite se ek wol beien. Yn de winter is it Readboarstke ien fan de fûgels dy't faak op de foerplanke te sjen is.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
It nêst wurdt boud troch it wyfke. It is in komfoarmig nêst dat meast leech by de grûn yn de strûken, tusken beamwoartels of ek wol op de grûn makke wurdt. It bestiet út plantemateriaal lykas mos en gêrs, beklaaid mei hier en fearren.
Yn maart of april wurdt de earste kear begûn mei it brieden, meastal folget ek noch in twadde briedsel. It wyfke leit 5-7 aaien. De wite aaien mei readbrune flekken wurde yn in twa wiken troch it wyfke útbred.