Web Analytics


https://www.amazon.it/dp/B0CT9YL557

We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Frysk Jeugd Parlemint - Wikipedy

Frysk Jeugd Parlemint

Ut Wikipedy

It Frysk Jeugd Parlemint (of kortwei FJP) is in evenemint dat elk jaar holden wurdt yn Fryslân. Troch jongerein wurdt it bestjoer fan Fryslân neispile.

Ynhâld

[bewurkje seksje] De skoallen

De tsien dielnimmende skoallen oan it Frysk Jeugd parlemint binne:

Elke skoalle leveretacht persoanen. Elts persoan wurdt yndield by in kommisje. Troch guon wurdt foarôf neitocht oer it ûnderwerp en hokker ideeën se dêrfoar hawwe. Faak hawwe dy ideeën te krijen mei de jongerein. De dielnimmers kinne goed ynskatte wat der ûnder de jeugd libbet.

[bewurkje seksje] De kommisjes

Der binne 8 kommisjes:

  • Romtlike Oardering en Folkshûsfesting
  • Ekonomyske Saken
  • Ferkear en Ferfier
  • Iepenbiere Oarder en Feilichheid
  • Rekreaasje, Toerisme en Sport
  • (Multy)Kultureel Fryslân
  • Miljeu, Natoer en Lânskip
  • Welwêzen en Soarch

[bewurkje seksje] Dagen

[bewurkje seksje] Woansdei

Woansdei wurdt benammen brûkt om mei inoar yn de kunde te kommen. De skoallen wurde foarsteld en men komt foar de earste kear gear by de kommisje. Dêr wurde de al betochte ideeën samle. Yn de kommisje beslút men meastal let op de dei hokker foarstel fierder útwurke wurdt.

[bewurkje seksje] Tongersdei

Op dizze stressfolle dei wurdt it keazen idee útwurke. Foar alles wat der ôfpraten wurdt, is tastimming en faaks ek in hântekening nedich. Dus as bygelyks in seal ôfhierd wurde maot, moat men in skriftelike oerienkomst hawwe mei de sealferhierder. At dit ûntbrekt, wurdt it foarstel net goedjkard troch de Foarsitters en hat alle wurk om'e nocht west. Dizze dei wurdt troch in hiel soad as tige swier erfaren. Op tongersdei wurdt besletten wa't de Deputearre wurdt yn de kommisje. De Deputearre ferdidiget it foarstel fan de kommisje by de Algemiene Gearkomsten op freed. Men slút de dei ôf mei in fraksjegearkomst. Dat hâldt yn dat alle leden dy't in skoalle fertsjintwurdigje by inoar komme om oer foarstellen te praten.

[bewurkje seksje] Freed

Freed is de dei fan de Algemniene Gearkomsten. Yn dizze gearkomsten wurdt debatearre en stimd. Als men in foarstel goed fynt, mar details feroarje litte wol, kin in amendemint yntsjinne wurde. In wiziging yn it foarstel. Yn 1 Algemiene Gearkomst wurdt 1 foarstel behandele. By in amendemint kin der allinnich foar of tsjin stimd wurde. By it hiele foarstel foar, tsjin of ûnthâlding.

[bewurkje seksje] Lieding

Foarsitters en griffier 2007
Foarsitters en griffier 2007

De Algemiene Gearkomsten stean ûnder lieding fan 2 foarsitters en in griffier. At men sprekt by de Algemiene gearkomsten, mat der altyd fia de foarsitter praten wurde. Dizze dagen rinne der altyd provinsjemeiwurkers om dy't om rie frege wurde kinne. De kommisjes sels wurde lieden troch in foarsitter en ein sekretaris.

[bewurkje seksje] Parsegroep

Yn dizze dagen is der ek in Parsegroep oanwêzich. Dizze bestiet út learlingen. De Parsegroep makket boekjes mei FJP-nijs en allegear aardige anekdoates.

[bewurkje seksje] 2008

Fan 5 t/m 7 maart 2008 waard de santjinde edysje fan it Frysk Jeugd parlemint holden. De hammer waard oerdroegen troch Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels.


De foarstellen fan it 17e jeugdparlemint:

  • 1. ‘ Ien foto seit mear as 1000 wurden’ fan de kommisje Multikultureel Fryslân’

De kommisje wol dat der mear oandacht komt foar oare kultueren. Om dit ûnder de oandacht te bringen stelle ze foar in fotowedstryd foar learlingen fan middelbare skoallen te hâlden. De moaiste foto’s oer oare kultueren wol de kommisje sjen litte omp in reizgjende tentoanstelling yn de bibletheken fan Burgum, Drachten, It Hearrenfean en Easterwâlde.


  • 2. ‘It Drakeboatfestival’ fan de kommisje Rekreaasje, Toerisme en Sport’

De kommisje wil dat der in drakeboatfestival mei in soad muzyk yn de grachten fan Ljouwert organisearre wurdt. Doel fan it projekt is imagoferbettering en de befoardering fan toerisme.


  • 3. ‘Borrelbus/Diskoferfier’ fan de kommisje Ferkear en ferfier’.

Dizze kommisje wol mear oandacht besteegje oan it jongereinferfier nei hûs nei in nacht stappen. HJirfoar wurde taksy's reservearre dy't de jongerein ophelje út diskoteken út Drachten e.o.


  • 4. ‘Fryske Probs’ fan de kommisje Wolwêzen en Soarch’

De kommisje wol in website opsette wêr't ynformaasje, in chatbox en in foarum oer alkohol en drugsgebrûk te finen is. Dizze website wurdt troch en foar jongeren makke. Neist foarljochting is de site ek bedoeld as ûndersteuning foar jongeren dy't al in ferslaving hawwe.


  • 5.’Jo bedriuw, myn staazje’ fan de kommisje Ekonomyske Saken’

De kommisje wol in site oprjochtsje wêr't bedriuwen staazjeplakken oanbiede kinne foar studinten. It doel fan de website is dat studenten ek in baan yn Fryslân fine sille en net mear ferhúzje mei de rânestêd.


  • 6. ‘Sûp dy net klem, traapje op tiid op'e rem’’ fan de kommisje Iepenbiere Oarder en Feilichheid’.

It plan fan de kommisje is om in filmke oer alkoholmisbrûk te meitsjen. It filmpje wurdt troch Fryslân Kolleezje makke foar stúdzjepunten en wurdt dan 40 kear útstjoerd troch de regionale stjoerders GP TV, Mercurius en Omrop Fryslân. De provincie ferdûbelet it bedrach sadat it filmke 80 kear útstjoerd wurde kin. Troch de film wol de kommisje foarkomme dat de jonegeren in soad alkohol brûken gean.


  • 7. ‘Gean foar grien’ fan de kommisje Milieu, Natoer en Lânskip’

Dizze kommisje fynt dat der op skoallen in bettere ôfskieding komt. Dit wolle se dwaan troch spesjale griene ôffalbakken by de skoallen te setten, wêr't de skaolbern harren fruitresten yn kwyt kinne. De kosten fan ôffalbakken binne foar rekken fan de skoallen. Ek in reklamekampanje is in ûnderdiel fan it plan.


  • 8. ‘Gasthúshâlding Fryslân’ fan de kommisje Romtlike oardering en Folksferhuzing’

De kommissie wol in website, sadat jongerein makliker oan gasthúshâldings komme yn Fryslân. As foarbyld wurde skoalbern en skoalferlitters neamd dy't fan de eilannen komme. In oar doel fan de website is om mei oare jongeren yn kontakt te kommen. Der komt in promoasjekampanje.


  • 9. Inisjatyffoarstel oer ferkearsûngefallen ûnder jongerein

It FJP stelt foar dat it troch de provinsje op te rjochtsjen Jongereinplatfoarm as earste oandacht besteget oan it hege persintaazje ferkearsûngefallen ûnder de jongerein.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Static Wikipedia 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Sub-domains

CDRoms - Magnatune - Librivox - Liber Liber - Encyclopaedia Britannica - Project Gutenberg - Wikipedia 2008 - Wikipedia 2007 - Wikipedia 2006 -

Other Domains

https://www.classicistranieri.it - https://www.ebooksgratis.com - https://www.gutenbergaustralia.com - https://www.englishwikipedia.com - https://www.wikipediazim.com - https://www.wikisourcezim.com - https://www.projectgutenberg.net - https://www.projectgutenberg.es - https://www.radioascolto.com - https://www.debitoformtivo.it - https://www.wikipediaforschools.org - https://www.projectgutenbergzim.com