Botswana
From Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Botswana, is in lân yn it súdlike part fan Afrika. Foarhinne ûnderdiel fan it Britske protektoraat fan Bechuanalân, Botswana krige syn namme nei de ûnôfhinklikens binnen it Britske Commonwealth op 30 septimber 1966. Botswana grinzet oan:
- Súd-Afrika yn it súden en súd-easten.
- Namybje yn it westen.
- Sambia yn it noarden.
- Simbabwe yn it noard-easten.
[bewurkje seksje] Geografy
Botswana bestiet foar in grut part út in net begroeide heechflakte (likernôch 1000 meter heech); yn it easten binne der heuvels. Yn it súd-easten is de Kalahary-woastyn. Troch it noard-easten streamt de rivier Okavango, dêr't je ek grutte sompen fine. De stêd Gaborone leit yn it súd-easten fan Botswana.
De wichtigste plakken yn Botswana:
- Gaborone
- Francistown
- Lobatse
- Maun
- Mochudi
- Serowe
- Ramotswa
- Selebi-Phikwe
- Palapye
- Jwaneng
- Mahalapye
[bewurkje seksje] Ekonomy
De ekonomy fan Botswana hat in grutte waakst belibbe sûnt de ûnôfhinklikens yn 1966. De ynwenners fan Botswana hawwe doetiids ek de rapste waakst fan de libbens standaard meimakke.
In wichtige sektor fan Botswana's ekonomy is de diamantwinning, ek metalen lykas koper en mineralen as sâlt. In protte minsken reizigje nei Botswana foar it wyldlibben en sadwaande is toerisme wichtich foar it lân.
[bewurkje seksje] Keppenling om utens
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Botswana en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |