Súd-Afrika
From Wikipedy
|
Súd-Afrika (Afrikaansk: Suid-Afrika, Ingelsk: South Africa of yn it Súd-Afrikaans-Ingels: Seffrica, Noard-Sotho: Afrika Borwa), is in lân dat, sa as de namme bliken docht, oan de súdpunt fan Afrika leit. It lân grinzet yn it noarden oan Namybje, Botswana en Simbabwe, yn it easten oan Mozambyk en Swazilân. De ûnôfhinklike steat Lesotho wurdt hielendal omsletten troch Súd-Afrika.
[bewurkje seksje] Skiednis
De skreaune skiednis fan Súd-Afrika begjint op 6 april 1652, as Jan van Riebeeck yn tsjinst fan de VOC in ferfersingsstasjon stiftet by Kaap de Goede Hoop. Dizze Nederlânske nedersetting wreide himsels yn de 17e en 18e ieu stadich út, eastlik oant de Visrivier.
Yn 1806 besetten de Britten de Kaap en hienen de Nederlanners it net mear foar it sizzen. Letter ûntstie der argewaasje tusken de Britten en de Nederlânske boeren, ûnder oare fanwegens de kompensaasje foar de ôfskaffing fan de slavernij. In soad Nederlânske (en ek Dutske en Hugenoatske) kolonisten, bekend as Boeren, lutsen yn de jierren 1830-1840 ûnder de saneamde Grutte Trek fuort út de kaapkoloanje, en stiften ûnôfhinklike republiken, de Oranje Vrijstaat en Transvaal. In besykjen fan de Boeren om ek Natal yn te lûken waard ôfslein troch de Zulus ûnder lieding fan Dingaan, de broer fan de ferneamde Shaka Zulu. It wienen foaral syn oarloggen tsjin oare stammen wêrtroch de Boeren sa maklik opgong meitsje koenen. Letter waarden de Zulus ferslein troch de Britten.
Yn 1867 waarden der Diamanten en yn 1886 goud fûn. Troch dizze ûntdekkings naam de rykdom, ymmigraasje en ûnderwerping fan de oarspronklike bewenners ta. De Boeren fersette harren in skoft lang tsjin de Britten, mar waarden ferslein yn de Earste Boerenoarloch (1880-1881) en de Twadde Boerenoarloch (1899-1902). Yn 1910 waard de Unie fan Súd-Afrika foarmd, dy in ûnôfhinkelike steat waard yn it Britske Gemenebest. Yn 1931 waard Súd-Afrika in Dominion. Súd-Afrika fierde de polityk fan apartheid (skieden ûntwikkeling fan de ferskate rassen) yn, hokker nei de ferkiezingsoerwinning fan de Nationale Partij yn 1948 noch fierder fersterke waard.
Yn de jierren '90 einige de apartheid. De doetiidske Presidint de Klerk liet de bekende anti-apartheidsaktivist Nelson Mandela frij op 11 febrewaris 1990, en yn 1994 waard foar it earst algemiene ferkiezings foar alle rassen hâlde. Troch de oerwinning fan it ANC, kaam der in nij bestjoer dy foar in grut part út minsken bestie út de (foaral swarte} anti-apartheidsgroepering. De leiding wie earst yn hannen fan, letter ûnder Thabo Mbeki. It nije regear fierde in belied fan 'rjochtstellende aktie' om de ûngelikens fan it ferline in ein te meitsjen. Sûnt 1996 is der in nije grûnwet. Súd-Afrika is in republyk yn transformaasje. It is ek it lân mei in dwylsinnich ferskil tusken earm en ryk, en it hat it heechste persintaazje HIV besmetten yn de wrâld.