Poalsk
From Wikipedy
|
Poalsk (język polski, polszczyzna) is de offisjele taal fan Poalen. It is de grutste West Slavyske talen en de twadde grutste Slavyske taal nei it Russysk. It is in dreech te learen taal troch de komplisearde grammatika.
Yn it ferline wie it Poalsk in wichtige taal yn sintraal- en east-Jeropa. Hjoed wurdt troch 38.5 miljoen sprekkers it Poalsk as earste taal brûkt yn Poalen. It is ek de twadde taal fan Wyt-Ruslân, Litouwen en de Oekraïne. Troch emigraasje kinst û.o. yn Austraalje (lân), Kanada, Grut-Brittanje en de Feriene Steaten fan Amearika minsken fine dy de Poalske taal machtig binne. Dêr binne oer de wrâld mear as 50 miljoen minsken dy't it Poalsk behearskje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Letters
Der binne 9 letters yn it Poalsk, dy yn it Frysk net bestean. It lykje Fryske letters mei aksint-tekens.
Lyts skreaun, sjogge de 9 letters der sa út: ą ć ę ł ń ś ó ź ż
Grut skreaun, sjogge de 9 letters der sa út: Ą Ć Ę Ł Ń Ś Ó Ź Ż
Der binne trije Latynske letters dy't net brûkt wurde yn it Poalsk: q, v, x.
Der binne 7 kombinaasje fan 2 letters hokker oan heart as it lûd fan ien letter, dit binne: "ch", "cz", "dz", "dź", "dż", "rz", "sz".
[bewurkje seksje] Lûden
In soad letters hawwe itselde lûd yn Frysk en yn Poalsk, bygelyks de "f", "m", en oaren. Mar oare letters hearre oars oan, lykas de Poals "w" hokker liket op in Fryske "v", Wylst de Poalske letter "ł" itselde oan heart as in Fryske "w". Der binne ek guon Poalske lûden hokker net bestean yn it Frysk, en guon Fryske lûden dy net bestean yn it Poalsk.
De letters "ą" and "ę" binne lûden dêr't je loft troch de noas en mûle blase moast.
[bewurkje seksje] Grammatika
De grammatika is kompleks, en hat guon saken dy't net yn it Frysk oanwêzich binne.
Lykas in protte talen, hat it Poalsk grammatikale seks. In tafel (stół) is manlik, in boek (książka) is froulik, en in finster (okno) is neutraal.
Nammewurden en tiidwurden hawwe ferskate einigings, leit oan de betsjutting fan de sin. Der binne 7 situaasjes hokker in selsstânnich nammewurd hat yn in Poalske sin, elts mei in eigen ein. It geslacht fan it selsstânnich nammewurd is ek fan ynfloed op in einiging.
De folchoarder fan hoe je de wurden brûke kinst is frijer as yn it Frysk, foar in part hat dat te krijen mei it begripen fan in wurd. Yn it Frysk "De jongen byt de hûn" is oars as "De hûn byt de jongen", mar yn it Poalsk kinst beide folchoarder brûke sûnder betizing.
[bewurkje seksje] Basis sinnen
Dzień dobry - Goeiemoarn of goeiemiddei
Dobry wieczór - Goede jûn
Do widzenia - Oant sjen
Cześć! - Goeie, of Oant letter
Tak - Ja
Nie - Nee of Net
Jak się miewasz? - Hoe is it mei dy?
Jak się nazywasz? of Jak masz na imię? - Wat is dyn namme?
Nazywam się... of Mam na imię... - Ik hyt...
Nie mówię po polsku - Ik praat gjin Poalsk
Lubię Cię - I fyn dy aardich
Kocham Cię - Ik hâld fan dy