Peaske
From Wikipedy
Peaske is in feast op likernôch de earste ljochtmoanne nei it begjin fan de maaitiid.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Betsjutting
[bewurkje seksje] Kristendom
Yn de kristlike tradysje is Peaske it wichtigste liturgyske feest. Mei Peaske wurde it lijen en de krúsdea fan Jezus betocht, en syn ferrizenis út de dea.
[bewurkje seksje] Joadendom
Alder is de joadske Peaske, dêr't de úttocht út Egypte mei fierd en betocht wurdt.
[bewurkje seksje] Sekulier
Ek it sekuliere peaskefeest hat tradysjes dy't weromgean op de weromkear út it tsjuster. Under oaren de dei fan it feast, de earste ljochtmoanne yn de maaitiid, en de Peaskeaaien symbolisearre it nije libben nei de tjustere winter.
[bewurkje seksje] Datum
De kristlike Peaske falt altiid op de earste snein nei ljochtmoanne, wylst de joadske Peaske begjint mei de nacht fan de ljochtmoanne, dat der is meast in ferskil fan in pear dagen tusken dy twa. Ek de westerske en easterske kristenen hawwe faak ferskate Peaskedagen om't 21 maart yn de otterdokse, juliaanske kalinder hast twa wiken letter falt as yn de Gregoriaanske kalinder.
De joadske Peaske falt altyd op 14 Nisan, om't de Joadske kalinder in monanne kalinder is. De kristlike Peaske kin fan 22 maart oant 25 april falle. Foar de kommende jierren falt it op dizze datums: