Frankyske Ryk
From Wikipedy
It Frankyske Ryk wie in Jeropese grutmacht tusken de 5e en de 9e ieu, dy't stadich oan foarme waard troch de Frankyske keningen, neidât de Franken en oare Germaanske folken harren yn de Romeinske provinsjes fan Galje festige hienen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oername fan it Romeinsk gesach
Yn de 4e ieu waarden der ferskate besyke dien troch de Romeinen om't de ynfallende Franken tebek te ferdriuwen û.a. troch de lettere keizer Julianus Apostata mar fergees. Yn 358 krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as fouderati ('bûnmaten') op Romeinsk gebiet oan de Skelde en tusken de grutte rivieren te festige. De status fan foederaasje joech de oanwezigens fan de Franken in legitiem tintsje mar ynfeite hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wer de Franken harren festige woenen. Healwei de 5e ieu stoarte it Romeinske gesach bûten Itaalje folslein ynien. De Franken naam de frijhied en besette al gauris de hiele provinsje Germania Inferior (it tsjinwurdige Nederlân ta súden fan it rivierengebiet, Belgje en it tsjinwurdige Rynlân) wêrby de Romeinske en romanisjeare bewenners op'e flecht sloechen of harren ûnderwerpe oan de nije Frankyske elite. Harren expansje rjochte har ferfolgens fjirder nei it wolfearte suden ta en sa stadich oan oermastere sy Galje oan't de Seine.
[bewurkje seksje] de Merovingen
Tjien jier nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn 486 de Merovingyske kening Klovis de 'Romeinske hearser' Syagrius by Soissons, sadât hiel Noard-Galje yn syn hân foel. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei Parys en makke dit ta sintrum fan syn macht. Yn 507 slagge hy dêryn oer hiel Galje te hearsen doe't hy de Fisigoaten fersloech yn de slach by Voullé. Yn de 6e oan't de 8e ieu oermastere de Franken ek de neat troch de Romeinske besette Germaanske lânstreken ta easten fan de Ryn en Donau, it tsjinwurdige Dutslân, Eastenryk en Switserlân.
Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei guod Germaansk rjocht ferdield ûnder syn fjouwer soans. Dêrnei waard de ienheid by stuit ferhelpe, mar hieltiid laat de utlis fan it Salyske rjocht opnei ta twisten dielings. Stadich oan woekse de macht fan de hofmeiers en lang om let naam Karel Martel it keningskip oer. Dit wie it begjin fan de dynaasje fan de Karolingen.
[bewurkje seksje] de Karolingen
Under de Karolingyske dynaasje makke de Franken in ein oan it Fryske ryk en ûnofhinklikens fan de Saksen (yn Noard-Dutslân) en ferovere sy ek in diel fan Noard-Spanje en hiel Noard- en Mids-Itaalje. Ûnder Karel de Grutte waard it Frankyske Ryk de machtichste steat sûnt it ein fan it West-Romeinske Keizerryk en wurd Karel ta Romeinske keizer kroant. Nei de dea fan Karel wurd syn soan Lodewijk de Frome as opfolger keizer . Yn 843 wurd it ryk by it ferdrach fan Ferdun wêr ferdielt. It ferdielde Frankyske ryk giet dêrnei gruttendiels fjirder as Frankryk en it Hillige Roomske Ryk.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Austraasje
- Neustrje