Albert Einstein
From Wikipedy
Albert Einstein (Ulm, 14 maart 1879 - Princeton, 18 april 1955) wie in Joadsk Dútske Amerikaanske teoretysk natuerkundige. Hy wurdt sjoen as ien fan de belangrykste natuerkundigen út de skiednis.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Jonge Jierren
Albert Einstein is berne op 14 maart 1879 yn Ulm yn Dútslân. Syn heit Hermann Einstein en syn mem Pauline Koch troude yn augustus 1879. Hermann hie in elektroanika saak, mar de omset foel tsjin. Derom ferhuze it gesin yn 1880 nei Munchen. Hjir stie Hermann tegearre mei syn broer, de yngenieur Jacob Einstein, oan it haad fan in lytse fabryk. In dizze fabryk makke se dynamo’s en mjitynstruminten. Dizze ûndernimming rûn ek net. Albert Einstein hat yn syn jeugd dan ek de nedige ekonomyske en finansjele swierrichheden meimakke. De swierrichheden begonnen pas echt doe’t Albert op skoalle kaam. Nei de klassen fan de legere skoalle, wie hy yn 1889 nei it Luipoldgymnasium gien. Se joegen derop in geastdeadzjende manier les, Albert koe dit net ferdrage. Yn 1894 ferlit Albert Einstein de skoalle sûnder diploma. Hy giet nei syn alden yn Milaan. Dernei hat er koart op in skoalle sitten yn Switserlân. Hy bedankte yn dy tiid foar de synagoge en foar it Dútske steatsboargerskip. Hy hat dan ek njoggen jier lang as steateloaze reizge.
Albert Einstein wie al sear jong boeit troch de grutte wrâld riedsels. Tusken syn tolfde en sechtjinde jier makke hy himsels de grûnslaggen fan de wiskunde eigen. Einstein is altyd fel tsjin de learmetoaden west fan de skoallen wer hy op siet. In soad learkreften foarseinen dan ek dat der noait wat fan Einstein terjochte komme soe. Dochs slagge er yn 1900.
[bewurkje seksje] Nei syn skoalle.
Twa jier letter krige Einstein in baan by it Switsers Patintburo yn Bern. Hjir wie hy in soarchfâldige en in attinte wurknimmer. Dizze perioade dy’t duorre fan 1902 oant 1909, skreau Einstein in soad oer teoretyske natuerkunde. De measte teksten skreaun hy yn syn frije tiid, sûnder help fan natuerkundige boeken of gelearden. Yn jannewaris 1903 troude hy mei Mileva Maric in Hongaarsk famke dy’t hy koe út syn studintetiid. In jier letter waard in dochter berne, Liederl. In jier letter krigen se in soan, Hans Albert. Yn 1905 skreau Albert Einstein op seisentweintich jierrige leeftyd de grûnbegjinsels fan de ferneamde relativiteitsteory. Hy stjoerde op 30 juny in artikel nei in Dútsk tydskrift. De namme fan it artikel wie: ‘Feroaringen en ûntwikkelingen yn de elektroanika dynamika’. Hjiryn is foar it earst sprake fan
As syn soan Eduard ien jier âld is, ferhúzje de Einsteins yn 1910 nei Praag. Albert Einstein krijt der in folweardige oanstelling as heechlearaar oan de Dútske universiteit. Yn 1912 ferhuzet Albert Einstein nei Zurich wer hy as professor yn de teoretyske natuerkunde wurkjen giet. Ûndertusken is hy dwaande mei syn nije teory oer de swiertekrêft. Hy wurket yn Zurich oant hy twa jier letter direkteur wurdt fan it Kaiser Wilhelm ynstitút yn Berlyn. De famylje Einstein ferhuzet nei Berlyn, mar syn frou Mileva en de bern gean werom nei Zurich. It begjin fan de skieding is begûn. Yn augustus brekt de Earste Wrâldkriich út.
[bewurkje seksje] De âldere Einstein
Yn 1917 giet it mis mei Einstein. Hy stoart yn en wurdt earnstich siik. Syn nicht Elsa ferpleecht him, twa jier letter trout er mei har. Yn 1915 hat er syn ferneamde relativiteitsteory klear. Yn novimber 1922 krijt er de Nobelpriis foar de Natuerkunde: ‘foar syn fertsjinsten op it gebiet fan de teoretyske natuerkunde en yn it bysûnder foar syn ûntdekking fan it foto elektrysk effekt’.
Yn it begjin fan 1925 wurde Einstein yn Leien ferwachte. Hy soe moarns mei de trein út Berlyn komme, mar hy kaam net op it ôfpraten tiid. Hy kaam letter op de jûn oansetten, hy hie it ekskús dat er in freondinne út de finzenis moast hâlde.
[bewurkje seksje] De Twadde Wrâldkriich
Einstein is 53 en op syn top fan syn karriêre as hy yn 1932 as joad fielde dat it foar him net feilich bliuwe soe yn Nazi-Dútslân. Derom ferhuzen Albert en Elsa yn 1933 mei de boat nei de Feriene Steaten. Se gienen wenjen yn Princeton, New Jersey. Yn 1936 stjert Elsa nei in koart Siikbêd. As yn 1939 de Twadde Wrâldkriich útbrekt, skreaut Einstein in brief nei Presidint Franklin D. Roosevelt, mei de warskôging dat it mooglik is dat Dútslân dwaande wie mei it bouwen fan in atoombom. De Feriene Steaten geane dêrnei ek oan de slach om in atoombom te bouwen. Dit projekt wurdt it Manhattan projekt neamt. Einstein wie dêr ek by belutsen.
Yn 1940 krijt Albert Einstein it Amerikaanske steatsboargerskip. Acht jier letter, yn 1949 stjert syn eardere frou Mileva. As yn 1952 de steat Israel op syk is nei in nije presidint om Chaim Weizmann op te folgjen, freegje se hjirfoar Albert Einstein. Hy wegeret de funksje, hy fynt dat er net goed genôch mei minsken om gean kin. In jier foar syn dea wurdt er in nij skiedkundich, keunstmjittich en radio-aktyf elemint nei him ferneamt: Einsteinium, mei it symboal E, atoomnûmer 99 en atoomgewicht 254. Albert Einstein stjert op 77 jierrige leeftyd oan de gefolgen fan in hertoanfal.