Montenegro
From Wikipedy
|
Montenegro (Swartberch) is in lân op de Balkan. It leit oan de Adriatyske See en wurdt begrinze troch Kroaasje, Bosnje, Servje en Albaanje. De Montenegrynske haadstêd is Podgorytsa. It lân hat justjes minder ynwenners as de provinsje Fryslân, (2006) it oerflak beslacht 13.812 km2 en is dêrmei dûbel sa grut as Fryslân.
Montenegro wie part fan de bûn fan de lêste twa parten fan it eardere Joegoslaavje, de steatebûn Servje en Montenegro. De bân mei it folle gruttere Servje waard lykwols stadichoan losser. Op 21 maaie 2006 waard yn Montenegro in folksstimming holden oer de fraach at Montenegro part fan de steatebûn bliuwe moast as selstannich wurde moast. By in opkomst fan 86,49% wie 55,5% foar, dêr't foar in beslút mar 55% by 50% easke wie. Op 3 juny om 20.00 oere rôpe it parlemint fan Montenegro doe de ûnôfhinklikens út.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Montenegro is yndield yn 21 gemeenten (opština):
- Andrijevica
- Bar
- Berane
- Bijelo Polje
- Budva
- Cetinje
- Danilovgrad
- Herceg Novi
- Kolašin
- Kotor
- Mojkovac
- Nikšić
- Plav
- Plužine
- Pljevlja
- Podgorytsa
- Rožaje
- Šavnik
- Tivat
- Ulcinj
- Žabljak