Richard Wagner
From Wikipedy
Richard Wagner (22 maaie 1813, Leipzich - 13 febrewaris 1883, Veneesje) wie in Dútsk komponist.
Wagner wie fral bekend om syn opera's, dêr't er ek sels de teksten ta skreau. De ferneamdste binne: De fleanende Hollander, Tristan en Ysolde, Parsifal en de syklus De Ring fan de Nevelingen, besteande út (It Ryngoud, De Walkure, Siegfried en Goadenskimer).
Fan 1872 ôf wenne er yn Bayreuth, dêr't spesjaal in teater boud waard foar syn wurk. Dêr koe er syn ideeën útfiere oer it gearkommen fan alle keunstfoarmen ûnder de stjoering fan de muzyk. Wagner syn opera's wurde hjir hieltyd noch opfierd.