Brazylje
From Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Brazylje is in lân yn Súd-Amearika. De haadstêd is Brazilia en de presidint fan de republyk is sûnt 2002 Luiz Inácio Lula da Silva.
Brazylje wurdt begrinzge troch:
- Fenezuëla, Guyana, Suriname en Frânsk Guyana yn it noarden;
- de Atlantyske Oseaan yn it easten;
- Urûguay yn it suden;
- Paraguay, Argentynje en Bolivia yn it súdwesten;
- Perû yn it westen;
- Kolombia yn it noardwesten.
[bewurkje seksje] Geografy
Brazylje is mei 8,5 miljoen kante kilometer it grutste lân fan Súd-Amearika en nimt hast de helte fan it wrâlddiel yn.
[bewurkje seksje] Stêden
Brazilia is de haadstêd fan it lân. Foar 1960 wie dat Rio de Janeiro en noch earder wie it oant 1763 Salvador. Oare grutte stêden binne: São Paulo, Belo Horizonte, Fortaleza, Curitiba, Manaus, Recife, Porto Alegre, Belém en Goiânia.