Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje
From Wikipedy
North Atlantic Treaty Organisation Organisation du Traité de l'Atlantique Nord |
|
![]() |
|
![]() |
|
Offisjele taal | Ingelsk, Frânsk. |
Haadkertier | Brussel |
Siktaris-Generaal | Jaap de Hoop Scheffer |
Tal meidoggers | 26 lannen |
Oprochte | 4 april 1949 |
De Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (NAFO), is in ynternasjonale organisaasje foar kollektive feiligens, oprjochte yn 1949, troch it Noard-Atlantyske ferdrach tekene yn Washington, Feriene Steaten op 4 april 1949. It haadkertier is fêstige yn Brussel, Belgje. Ynternasjonaal wurdt faak de Ingeske ôfkoarting NATO, foar North Atlantic Treaty Organisation brûkt. Yn it Frânsk is dat OTAN, l'Organisation du Traité de l'Atlantique Nord; it Ingelsk en it Frânsk binne de twa offisjele talen yn dizze organisaasje.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Doel
De kearn fan NAFO is Kêst V fan it Noard-Atlantysk ferdrach, hjir beskreaun:
“ | De Partijen binne oerienkaam dat in wapene oanfal tsjin ien as mear fan'e NAFO-lânnen yn Jeropa as Noard-Amearika beskôge wurdt as in oanfal tsjin alle dielnimmende lânnen. As in wapene oanfal plakfynt, sil elts fan harren, trocht it rjocht te brûken fan yndividuele as kollektive selsferdigening dy’t yn Kêst 51 fan it ferdrach neamd wurdt, de partij as de partijen stipe jaan, mûglik mei gebrûk fan striidkrêften, om de feiligens fan’e lânnen dy’t grinzen oan de noardelike Atlantyske Oseaan werom te bringen. | ” |
[bewurkje seksje] Organisaasje
De siktaris-generaal is de heegste boargerfunksje fan 'e organisaasje. Hy is de foarsitter fan 'e Noard-Atlantyske Rie (NAR), besteande út permanente fertsjinwurdigers fan 'e lidsteaten. Dizze NAR hat alle woansdeis in gearkomste en as de folsleine Ried it meiïnoar iens wurde kin, wurden der polityke beslúten naam. De Ried wurdt stipe troch de Militêre Kommisje, dy't foarme wurdt troch de ferstjinwurdigers fan alle meidoggersteaten mei in armee. De heegste kommandant fan 'e NAFO is de Supreme Allied Commander Europe (SACEUR). Troch histoaryske ûntjouwings hat er dizze titel krigen, mar hy is kommandant fan 'e NAFO-armeen bûten Jeropa.
It haadkertier fan'e NAFO is fêstige yn Brussel. Yn it ferline wie Londen de lokaasje fan it NAFO haadkertier, yn 1952 Parys en tenei yn 1960 in oare lokaasje yn Parys. Sûnt 1966 stiet it haadkertier yn Brussel. De NAFO is dwaande mei it ûntwerp fan in nij haadkertier yn Brussel.
Yn 1986 waard it autonoom oerlisorgaan Eurogroup oprjochte. Hjir komme alle Jeropeeske meidoggerlannen gear en besykje ta in mienskippelik stânpunt te kommen.
[bewurkje seksje] Polityke struktuur
Lykas eltsje alliânsje, wurdt NATO úteinliks regeart troch har 26 lidsteaten. Hawar, it Noard Atlantysk Ferdrach, en oare oerienkomsten, binne de bases foar beslúten yn NATO. Elts fan de 26 lidsteaten stjoere in delegaasje nei it NATO haadkertier yn Brussel, Belgje. It âldste permanent lid fan eltse delegaasje is ferneamd as de Permanent Fertsjinwurdiger en is yn it algemien in ambassadeur mei erfaring (en hat ek in diplomatyske graad).
Tegearre foarmje de Permanente Leden de Noard Atlantyske Ried, in orgaan hokker eltse wike in gearkomste hat en hat polityke autoriteit en makket beslúten binnen NATO. Sa út en troch hat de RIed ek in gearkomste mei beskate ministers (Bútenlânske saken, Definsje) en steatsmannen, en it binne dizze gearkomste wêr it grutste part fan de wichtige beslúten wurdt naam. Hawar, de Ried hat deselfde autoriteit en macht fan belied-meitsje, en syn beslúten ha ek deselfde status.
De Gearkomsten fan de Noard Atlantyske Ried fine plak by de Siktaris-Generaal fan NATO en, wannear it ta beslúten meitsje komt, wurd in aksje oerienkaaam op bases fan unanymiteit en algemien akkoard. Der wurdt net keazen op bases fan grutste groep. Eltse steat fertsjinwurdiget oan de Ried tafel of oare kommisjes bliuwe folslein soeverein en ferantwurdelik foar harren eigen beslúten.
Eltse naasje hat ek in twadde fertsjinwurdiger, in hege militêre fertsjinwurdiger. Tegearre foarmje de militêre fertsjinwurdigers de Militêre Kommisje, in orgaan ferantwurdelik foar oanwizings oan NATO’s polityke autoriteiten hokker wichtig is foar it algemien ferdigje fan it NATO grûngebiet. It hat ta doel advys jaan op it mêd fan militêre saken oan de NATO strategyske kommandanten, hokker fertsjinwurdigers de gearkomsten bywenje, en hat ferantwurdelike oer alle militêre saken fan de alliânsje ûnder de Ried syn autoriteit. Lykas de ried, sa út en troch komt de militêre kommisje ek op heech nifo gear, nammentlik op it nifo fan Haad fan definsje, de heechste militêre offysier yn eltse naasje syn armee.
[bewurkje seksje] Militêre struktuur

NATO's militêre operaasje gean oer twa strategyske kommandanten, beide binne it F.S. offisieren mei assistinsje fan in staf ferspreid oer de gânse NATO. De strategyske kommandanten binne ferantwurdelik for de Militêre Kommisje foar it algemien oanstjoeren fan algemiene saken en militêre saken binnen harren wurkgebiet.
Foar 2003 wieden de strategyske kommandanten de Supreme Allied Commander Europe en de Supreme Allied Commander Atlantic (SACLANT) mar de hjoeddeistiche oerienkomst is it skieden fan ferantwurldelikens fan kommando tusken de Allied Command Transformation (ACT), dy't ferantwurding hat foar transfoarmaasje en ûnderrjocht/oplieding fan NATO armeën, en Allied Command Operations, mei ferantwurdelikens foar NATO operaasje oer de gânse wrâld
De kommandant fan Allied Command Operations hat de namme "Supreme Allied Commander Europe (SACEUR)", en is stasjoneart yn it Supreme Headquarters Allied Powers Europe (NATO's haadkertier mei de ôfkoarting SHAPE), yn it Belgyske plak Casteau, dat leit noardlik fan de stêd Mons. It is likernôch 80km súdlik fan NATO's polityke haadkertier yn Brussel. ACT is stasjoneart yn it foarhinne Allied Command Atlantic haadkertier yn Norfolk, Virginia, F.S..
NATO opereart selt mei in oantal NATO E-3A AWACS radar fleantúgen dy't stasjoneart binne op Fleanbases Geilenkirchen yn Dútslân.
[bewurkje seksje] Lidsteaten
Lannen, mei jier as datum fan lid wurden:
Belgje - stiftend lid
Bulgarije - 29 maart 2004
Denemark - stiftend lid
Dútslân - 1955
Estlân - 29 maart 2004
Feriene Steaten - stiftend lid
Frankryk - stiftend lid
Grikelân - 1952
Grut-Brittanje - stiftend lid
Hongarije - 1999
Yslân - stiftend lid
Itaalje - stiftend lid
Kanada - stiftend lid
Letlân - 29 maart 2004
Litouwen - 29 maart 2004
Lúksemboarch - stiftend lid
Nederlân - stiftend lid
Noarwegen - stiftend lid
Poalen - 1999
Portugal - stiftend lid
Spanje - 1982
Roemeenje - 29 maart 2004
Sloveenje - 29 maart 2004
Slowakije - 29 maart 2004
Tsjechje - 1999
Turkije - 1952
Kandidaatsteaten:
[bewurkje seksje] Partnerskippen
[bewurkje seksje] NAFO-EU partnerskip
De NAFO en de Jeropeeske Uny hawwe in partnerskip foar behâld en befoarderjen fan feiligens yn Jeropa en de rest fan de wrâld.
[bewurkje seksje] Mediterraansk dialooch partnerskip
NAFO hat mei in sân lannen súd- en eastlik fan de Middellânske See in gearwurkingsferbân. Hjir is yn 1994 mei útein set.
[bewurkje seksje] NAFO-Russyske Federaasje Ried
NAFO en de Russyske Federaasje ûnderskriuwe in oerienkomst yn 1997 oangeande it "meiïnoar wurkje oan in stabyle, feilige en net-ferdield kontinent Jeropa útgeande fan partnerskip en algemien belang"
Yn Maaie 2002 wie de oerienkomst fersterke troch it oprjochten fan de NAFO-Ruslân Ried, hokker ta doel hat it tichter by inoar bringe fan NAFO lannen en Ruslân. De ried hat ta doel it identifisearjen en finen fan kânsen foar gearwurking tusken de 27 dielnimmers as gelike partners.
[bewurkje seksje] ûndersyk en technology by NAFO
NAFO hat op it stuit trije skiften fan ûndersyk en technology organisaasjes:
- NAFO ûndersee Undersyk Sintrum (Ingelske ôfkoarting NURC),[1] direkt ferantwurdlik oan de Supreme Allied Command Transformation;
- ûndersyk en Technology Agentskip (Ingelske ôfkoarting RTA),[2] rapporteart oan de ûndersyk en technology Organisaasje (Ingelske ôfkoarting RTO);
- NAFO Konsultaat, Kommando en Kontrôle Agentskip (Ingelske ôfkoarting NC3A),[3] rapporteart oan it NAFO Konsultaat, Kommando en Kontrôle Organisaasje (Ingelske ôfkoarting NC3O).
[bewurkje seksje] Lytse gronology
- 1949 - Oprjochting op 4 april. Ûndertekene troch: Belgje, Kanada, Frankryk, Lúksemboarch, Nederlân, het Grut-Brittanje, de Feriene Steaten fan Amearika, Denemark, Yslân, Itaalje, Noarwegen en Portegal.
- 1952 - Tatreedzjen fan Turkije en Grikelân
- 1955 - Tatreedzjen fan West-Duitsland. Oprjochting fan it Warsjaupakt
- 1961 - Útein setten fan de bou fan de Berlynske Muorre; it Izeren gordyn, partsjen fan West- en East Jeropa
- 1966 - Frankryk is in nuklêre macht wurden en lûkt him tebek út de militêre struktuur, mar bliuwt politik belutsen
- 1982 - Spanje wurdt lid
- 1989 - Fal fan de Berlynske Muorre
- 1990 - Dútske werieniging
- 1991 - Opheffing fan it Warsjaupakt
- 1999 - Tatreedzjen fan Poalen, Tsjechje en Hongarije
- 1999 - Operaasje/missy yn Kosovo
- 2004 - Tatreedzjen fan Bulgarije, Estlân, Letlân, Litouwen, Roemeenje, Slowakije en Sloveenje
[bewurkje seksje] List fan NATO operaasjes
- Baltic Air Policing
- Operation Sharp Guard
- Operation Joint Endeavour
- International Security Assistance Force