Sân Wrâldswûnders
From Wikipedy
De Sân Wrâldswûnders is in beneaming dy’t joen wurdt oan in list fan sân bysûndere bouwurken út de Klassike Aldheid. Letter binne er ek oare listen makke, bygelyks dy fan de moderne wrâldswûnders.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Sân antike wrâldswûnders
Dizze sân wûnders fan de wrâld binne oanwezen troch ferskillende skriuwers, lykas Philan fan Byzantium, Antipatros fan Sidon. Foar de Griken hie it nûmer sân in magyske betsjutting. Hja koene sân planeten beneame, sân kleuren, sân wurkdagen, sân wittenskippen. Dochs is de list fan de Sân Wrâldwûnders net ûntstien op it hichtepunt fan de Grykske beskaving, mar earst yn de Midsieuwen gearstalt. Alle sân wrâldswûnders stean lykwols yn it part fan de wrâld dat de Griken sjoen hawwe koenen, binnen de feroere grinzen fan it ryk fan Aleksander de Grutte. Dochs binne twa wûnders net troch de Griken boud. Dit binne de hingjende túnen fan Babylon en de Piramide fan Cheops.
- Piramide fan Cheops
- Kolossus fan Rhodos
- Hingjende túnen fan Babylon
- Mausoleum fan Halicarnassus
- Pharos fan Alexandrië
- Byld fan Zeus op Olympia
- Timpel fan Artemis yn Efeze
De piramide fan Cheops is de ienichste fan alle klassieke wrâldswûnderen oer.
[bewurkje seksje] Sân Prehistoaryske, Romeinske en Midskieuske wrâldswûnders
- Stonehenge
- It Kolosseum
- De katakomben fan Kom el Shoqafa
- De Sjineze Muorre
- De De Porsleinen toer fan Nanjing
- De Hagia Sophia
- De Toer fan Pisa
[bewurkje seksje] De natuerlike wrâldswûnders
- De Mount Everest
- It Grutte Barrièrerif
- De Grand Canyon
- De Niagara Wetterfallen
- De Victoria Wetterfallen
- De fulkaan Paricutin
- It Poalljocht
- De Angel Wetterfal
[bewurkje seksje] Sân ûnderwetter wrâldswûnders
- Palau
- It Belize Barrièrerif
- De Galápagoseilannen
- De Reade see
- It Baikalmeer
- It Grutte Barrièrerif
- Underwetter-fulkanen
[bewurkje seksje] Moderne Wrâldswûnders
- Taj Mahal (Yndia )
- Sjineze Muorre (Sina)
- De bylden fan Peaske-eilân
- Sydney Opera House (Austraalje)
- Kathedraal fan Chartres (Frankryk)
- Borobudur (Yndoneezje)
- Hagia Sophia Istanbul (Turkije)
- Angkor Wat (Kambodja)
- Petra yn (Jordaanje )
- Machu Picchu (Perû )
- Itaipúdam (Paraguay )