Islam
From Wikipedy
De Islam is in religy fan in groep minsken dy't Allah oanbidde (de namme foar God yn it Arabysk) en dy it wurd fan de profeet Mohammed folgje, sawol mûnling as skriftlik festlein yn de Koran, faaks ek al Furqân neamd. Lykas it Kristendom en Joadendom, is de Islam nei alle gedachten in Abramitysk leauwen. De Islam is it twadde grutste leauwen op 'e wrâld mei likernôch 1,2 miljard minsken, 20 prosint fan de wrâldbefolking.
[bewurkje seksje] Moslems
De folgelingen fan de Islam binne Moslems. Sy wurde faaks ek Mohammedaan neamd, alhoewol't dizze term net faak brûkt wurd, omdat Moslims it misledigjend fine; want dat soe ynhâlde dat sy Mohammed oanbidde, en dat is net sa. Hja bidde yn in hillich gebouw dy't se in moskee neame. De measte moskees hawwe op syn minst in koepel en guon hawwe ien as mear toeren. Mar in moskee hat gjin toer of koepel nedich om in moskee te wêzen. Moslims moatte mei bleate fuotten de moskee betreedzje. Bidde is in wichtige saak by it Moslem leauwen.
[bewurkje seksje] Streamings
- Sûnnisme
- Sjyiten
- Sûfy