Maria Curie-Sklodowska
From Wikipedy
Maria Curie-Skłodowska (7 novimber 1867 – 4 july 1934) wie in natuer- en skiekundige. Hja wie in pionier op it gebiet fan elektromagnetyske strieling.
Marie Curie waard as Maria Salomee Skłodowska berne yn Warsjau yn Poalen. Se ferhuze nei Parys om skiekunde en natuerkunde te studearjen oan de Sorbonne-universiteit. Oan dy universiteit waard se dêrnei de earste froulike dosint. Oan de Sorbonne mette se in oare dosint, Pierre Curie, dêr't se mei boaske.
Har wichtichste wurk hat it ûndersykjen west fan de ionisearjende strieling en it ûntdekken of syntetisearjen fan de (radioaktive) eleminten polonium en radium. Yn 1903 krige se, tegearre mei harren man, de Nobelpriis foar Natuerkunde.
Marie Curie ferstoar by Sallanches yn Frankryk in 1934 oan leukemie, wat nei alle gedachten kaam is troch't hja yn har wurk oan in enoarme doasis radioaktive strieling bleatsteld west hat.