Azerbeidzjan
From Wikipedy
|
Azerbeidzjan is in lân in Lyts-Aazje. De haadstêd is Bakoe en de president fân de republyk is sûnt 2003 Ilham Aliyev.
Azerbeidzjan wurdt begrinzge troch:
- Ruslân yn it noarden;
- Kaspyske See yn it easten;
- Iran yn it suden;
- Armeenje en Turkije yn it westen;
- Geörgje yn it noardwesten.
[bewurkje seksje] Geografy
Azerbeidzjan hat grutte ferskillen in hichte. It leechste punt leit oan de Kaspyske kust, likernôch 28 m ûnder seenivo. It heechste punt is de Bazarduzu Dagi op de Kaukasus op de grins mei Ruslân, mei in hichte fan 4.485 meter. De grutste mar is de Mingəçevir-stuwmar, en de langste rivier is de Kura mei 1.515 kilometer.
Azerbeidzjan hat 9 ferskillende klimaatsônes, wêrûnder in woastynklimaat en in steppeklimaat yn it leechlân en in subtropysk klimaat yn de kustgebieten.